‘Mare Frisicum’ fan Jaen ek al op de site fan Trouw

logo.ensafh

Nei it gedicht ‘Blaugerzen’  fan Edwin de Groot (sjoch in oar item op Poadium) is no ek it gedicht “Mare Frisicum’ fan Jaen, dat ek publisearre is yn de 20e ôflevering fan ensafh.

Klik hjir dan komme jo op de side mei it gedicht ‘Mare Frisicum’ fan Jaen.  Fia dy side kin klikt wurde nei fierdere ynformaasje oer it Trouw-projekt en kinne jo reagearje / jo eigen gedicht  ynfiere. Der sil ek in boekje mei de gedichten ferskine.… Lês fierder

Oprop! Gedicht ‘Blaugerzen’ fan Edwin de Groot op ’e site fan Deiblêd Trouw. Wa folget?

logo.ensafh

Foar gedichtedei 2010 sammelt Trouw.nl, de site fan it deiblêd Trouw regionale gedichten. Dichters, set jim wurk op ’e kaart! Elk gedicht fan dyn wenplak, buert, dyn favorite plakje of in oar regionaal ûnderwerp is wolkom.
Klik hjir , dan komme jo by site fan mei it gedicht ‘Blaugerzen’ fan Edwin de Groot. Fia dy side kin klikt wurde nei fierdere ynformaasje oer it Trouw-projekt en kinne jo reagearje / jo eigen gedicht  ynfiere. Der sil ek in boekje mei de gedichten ferskine.… Lês fierder

Bruorren Kleefstra nominearre

logo.ensafh

Romke, mijn broer, en ik zijn genomineerd voor de publieksprijs 2009 Friese POPawards. Een beetje vreemd, want het enige dat we ontberen is publiek en popmuziek maken we al helemaal niet, maar goed. Het lijkt ons geweldig als wij, als anti-poppers en ook nog met poezie, deze prijs in de wacht gaan slepen. Degene die de meeste stemmen binnenhaalt, wint de prijs. Ik zou jullie willen vragen een stem op ons uit te brengen. Dat kan heel eenvoudig vanaf 9 december tot 16 december via http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/cultregio/article5532633.ece/Popawards%3A-stemmen-op-de-LC-publieksprijs%21. Ik zou het geweldig vinden als jullie dit willen doen.

Met nog iets meer gunst zou ik jullie ook willen vragen om familie, vrienden, kennissen, collega’s, muziekliefhebbers, enz te willen vragen hetzelfde te doen.… Lês fierder

Carol Ann Duffy

‘The Twelve Days of Christmas / De tolve dagen fan Krysttiid’ gedicht troch Carol Ann Duffy (1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, 8, 9, 10, 11, 12)

logo.ensafh

Fan 13 desimber ôf publisearret ensafh op Poadium de oersetting troch Janneke Spoelstra fan it gedicht The Twelve Days of Christmas fan de Britse dichteres en toanielskriuwster Carol Ann Duffy (Glasgow, 1955). It gedicht bestiet út tolve stanza’s en referearret oan in ferneamde Christmas carol mei deselde namme, sjoch hjir. Hjoed publisearje wy de earste en oan krysttiid ta elke dei in nije derby, sadat op 24 desimber it hiele gedicht yn oersetting op ensafh te lêzen is.
It gedicht jout op ́t stuit in protte opskuor yn de Ingelske media. Yn The Twelve Days of Christmas hellet de dichteres út nei de belutsenens fan de Ingelsken by de oarloch yn Afghanistan.
Lês fierder

‘SKRIUW’ projekt foar skriuwbegelieding, stipe en advys

logo.ensafh

SKRIUW is in projekt fan it Skriuwersboun, de belange-organisaasje fan Fryske skriuwers. It doel fan it projekt is (oankommende) skriuwers stipe, begelieding  en advys te jaan by it skriuwen fan ferhalen, gedichten, romans, toaniel en oare literêre teksten yn it Frysk en sa te kommen ta mear en bettere Frysktalige literêre manuskripten.

Foar fierdere ynformaasje klik hjir.… Lês fierder

Bondel haiku’s Tryntsje van der Veer

logo.ensafh
De debútbondel Binnentún van Tryntsje van der Veer befettet 49 haiku yn it Frysk, oer de natoer en it libben. De dichtfoarm noege har út om sa sober en folle-sizzend mooglik te wêzen. Op har syktocht trof sy Ouke Kooistra, dy’t meardere kearen eksposearre yn ’e kapel fan Bronkhorst. Syn bysûndere  oanpak fan gewoane objekten resultearre yn fotowurk wêrfan’t de sfear goed by de haikû’s oanslute. Rob du Jardin foege in ekstra diminsje ta. Tegearre mei de skriuwster spriek hy teksten yn. It lûd fan de stimmen fariearret fan donker, gefoelich en  hertstochtlik ta rêstich en plechtich. Syn ymprovisaasjes op fleugel en fioele omliste de fersen, wêrtroch in totaalbelibbing ûntstiet.
Lês fierder

De dei fan de lytse skriuwer

logo.ensafh

Der binne yn Nederlân mear as in miljoen lytse skriuwers. Minsken dy’t der fan dreame de nije Dan Brown of Stieg Larsson te wurden, mar by útjouwerijen gjin poat oan de grûn krije. Rieks van der Es fan Drachten wol dizze lytse skriuwers eare.

Van der Es wol eins in stânbyld foar de lytse skriuwer oprjochtsje, mar omdat dêr gjin jild foar is hat er no 10 desimber útroppen ta de dei foar de lytse skriuwer. Utjouwerij Elikser yn Ljouwert krijt gauris lytse skriuwers oer de flier. En dat lykje de lêste jierren hieltyd mear te wurden.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder