De foarstelling Fan de stêd en it libben fan it Fryske toanielselskip Tryater is nominearre foar de AVRO Toneel Publieksprijs 2009-2010. Yn Fan de stêd en it libben stiet de grutte stêd sintraal as in metafoar foar it libben. Geastich, lyrysk en romantysk. De foarstelling is te sjen oant en mei 1 desimber. Dit is de tredde foarstelling fan it seizoen dy’t it publyk nominearret foar de AVRO Toneel Publieksprijs.
De AVRO Toneel Publieksprijs is dé priis dêr’t it publyk bepaalt wa’t de winner is. Ek dit seizoen kin it publyk wer online, fia www.toneelpublieksprijs.nl, syn stim útbringe op de nominearre foarstellingen.… Lês fierder