‘Feddema hâldt syn eigenheid’

logo.ensafh

Boalsert – De histoaryske riedseal fan it gemeentehûs yn Boalsert wie juster it dekor fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan dichter Anne Feddema foar syn dichtbondel Reidhintsje op ’e Styx. Boargemaster Vroegindeweij wiisde de lytse hûndert oanwêzigen derop dat it monumintale stedhûs it bêste plak is foar de plechtichheid; heit Japix hat noch holpen mei de bou fan de riedseal en de jonge Gysbert hat dêr mooglik dus noch boarte.

Mear yn it artikel fan Jelle Krol yn it Friesch Dagblad.… Lês fierder

Gerrit Bennerpriis nei Peeter

logo.ensafh

Keunstner Zoltin Peeter fan Hallum krijt de Gerrit Bennerpriis. Peeter ferwurket it lânskip dêr’t er trochhinne reizget yn bylden en tekeningen. De sjuery priizget hoe’t er besiket de krêften fan de natuer yn keunst te fetsjen.

Neist in oarkonde bestiet de priis út 4000 euro. De twajierlike keunstpriis fan de provinsje wurdt 13 febrewaris útrikt troch deputearre De Vries yn it Frysk Museum. Der wurdt ek in útstalling fan syn wurk iepene. Der wiene ienentritich ynstjoerings fan Fryske keunstners mei ferskate dissiplines.… Lês fierder

16-10-09 Presintaasje ‘Giftige Zomer / Giftige Simmer’

logo.ensafh

Op donderdag 15 oktober om 12.45 uur zal het eerste exemplaar van het boek Giftige Zomer / Giftige Simmer op het Provinciehuis in Leeuwarden worden overhandigd aan gedeputeerde Hans Konst.

Uitgever Abe de Vries van de Friese Pers Boekerij zal het boek aan de heer Konst aanbieden. Gedeputeerde Hans Konst zal vervolgens een reactie geven op het boek.

Op vrijdag 16 oktober vanaf 16.30 uur zal de presentatie van het boek plaatsvinden in hotel-restaurant ’t Heerenlogement in Harlingen. Prof. dr. Goffe Jensma zal in een lezing reageren op Giftige Zomer / Giftige Simmer.

In Giftige Zomer / Giftige Simmer maken 49 schrijvers, kunstenaars en fotografen zich zorgen over de toekomst van Fryslân.… Lês fierder

Sjueryrapport Gouden Gurbes 2009

logo.ensafh

Mei nocht en wille hat de sjuery, diskear besteande út Barbara Hempen, Freark Smink en myn persoan, de seis iepenloftspullen besocht, dy’t ús dizze simmer yn Fryslân foarset waarden. Wy hechtsje oan it iepenloftspul yn de letterlike betsjutting fan it wurd. Om dy reden foel Wergea, dat ek in iepenlofttradysje hat, ôf, om’t se dêr no yn in tinte spilen.

Mear op it weblog fan ‘e Gouden GurbesLês fierder

Utrikking Gysbert Japicxpriis 2009

logo.ensafh

Op tongersdei 15 oktober 2009 sil deputearre fan kultuer, mefrou J.A. de Vries, út namme fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân de Gysbert Japixcpriis 2009 útrikke oan de hear Anne Feddema yn it gastfrije gemeentehûs fan Boalsert. It sjueryrapport sil foarlêzen wurde troch Pieter de Groot (foarsitter fan ‘e advyskommisje Gysbert Japicxpriis, mei him Frits van der Kuip en Geertrui Visser) en it laudatio komt út ‘e mûle fan Piter Boersma fan de Fryske Akademy. Ta beslút sil de lauwere dichter syn namme op ‘e balke yn it bertehûs fan Gysbert Japicx skriuwe.… Lês fierder