Hut skriuwt yn Brêgehúske

logo.ensafh

Arjan Hut skriuwt syn nije boek Fokke Mâl yn it brêgehúske by de Beursbrêge yn Ljouwert. Hy is tongersdeitemoarn mei skriuwen út ein set,

Hut seit in soad ynspiraasje fan it húske te krijen. It stiet op in drok punt yn it sintrum fan ‘e stêd foar de iepenbiere biblioteek oer. Der komme altyd in hiel soad minsken del. Alle dagen fan acht oant ien oere sit Hut dêr te skriuwen. Fokke Mâl is in berneboek. Yn desimber moat it klear wêze.… Lês fierder

Presintaasje nijste nûmer fan de Moanne

logo.ensafh

Kommende freed, 18 septimber, ferskynt it nije nûmer fan de Moanne. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Isabelle Diks, op de earste ‘kultuerbuorrel’ fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert, dy’t plakfine sil yn it Keramykmuseum Princessehof, tusken 16.00-18.00 oere.

Dit nûmer, dat foar it earst ferskynt yn gearwurking mei Afûk, Fryske Akademy en Tresoar, hat in folslein nije lay-out krigen. de Moanne ferskynt boppedat yn full colour.

de Moanne jout romte oan ferhalen fan skriuwers, histoarisy, akteurs, keunstners en wittenskippers. Skerp tinke en treflik skriuwe, dêr draait it om yn de Moanne.… Lês fierder

Linige oersetting fantasy-klassiker De Hobbit

logo.ensafh

It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy’t ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn ‘e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêr’t Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.
Dit klassike ‘berneboek foar folwoeksenen’ fan J.R.R.… Lês fierder

Ensafh online net folslein yn byld?

logo.ensafh

Inkeld krije wy in berjocht dat de side fan Ensafh net goed te besjen is. It is dan net mooglik om nei ûnderen te skrollen wêrtroch’t de ûnderste einen fan in tekst net yn byld brocht wurde.

Dat probleem kin maklik ferholpen wurde. Nei alle gedachten hawwe jo dan net de nijste ferzy fan ‘Internet Explorer’. Dêrom hjir de link nei de nijste ferzy fan ‘Internet Explorer’. Jo kinne ek besykje om de side mei ‘Firefox’, in oare ynternetbrowser, te iepenjen.… Lês fierder

Skriuwerswykein 7 en 8 novimber

logo.ensafh

Achte skriuwer, Mei alle wille noegje wy jo/dy út om diel te nimmen oan it skriuwerswykein yn Riis dat holden wurde sil de 7de en 8ste novimber 2009! Literatuer en Aktualiteit, moat in skriuwer fan de 21ste ieu him ynlitte mei wat maatskiplik spilet, of him der krekt fan ôfslute?

It tema wurdt beljochte fan trije dissiplines út: *De resinsint: wat binne syn kritearia? Wat de falkûlen foar de auteurs om maatskiplik beladen ûnderwerpen oan de oarder te stellen? *De toaniel- en kabaretskriuwer: Is it mooglik de realiteit yn in stik yn te bouwen sûnder te belearend te wurden? Hoe skerp mei in kabarettekst wêze sûnder te kwetsen?… Lês fierder