Gysbert Japicx bezoekt het Drielandenpunt

logo.ensafh

In deze drietalige dichtbundel reist de grote 17e-eeuwse dichter Gysbert Japicx van Zwarte Haan in Friesland naar het Drielandenpunt in Limburg. Een kort bezoek aan het dichtbij het Drielandenpunt gelegen staatje Moresnet wordt hem echter fataal. Hij sterft er aan de pest. Welbeschouwd is dat heel toepasselijk, want Moresnet is de vrijstaat waar ooit het ideaal van een universele taal (het Esperanto) werd beleden.

g-japicx-3-landenpunt_web

ISBN : 9789033008726
Auteur: Chretien Breukers
Uitvoering: paperback
1e druk
Aantal pagina’s 56… Lês fierder

50 jier FLMD: iepening fan de vernijde Gysbert Japicxseal

logo.ensafh

Op sneontemiddei 12 septimber wurdt it feit fierd dat 50 jier lyn de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) oprjochte waard. It FLMD is ien fan de trije ynstellingen dy’t yn 2002 meielkoar fierder giene as it hjoeddeistige Tresoar.

Tidens de fiering yn it gebou fan Tresoar sille twa lêzingen (troch prof.dr. Goffe Jensma en troch Julian Spalding) hâlden wurde, wurdt der proaza en poëzy foardroegen troch Yva Hokwerda en Meindert Bylsma en wurdt der songen troch Lucette fan den Berg.

Oan it ein fan de gearkomste sil de fernijde Gysbert Japicxseal mei dêryn in permaninte presentaasje fan de Fryske literatuer iepene wurde.… Lês fierder

Fryske boeken populêr op jiermerk Stiens

logo.ensafh

Fryske skriuwers wiene sneon man-/froumachtich opkommen nei de jiermerk yn Stiens. Hja besochten entûsjast har eigen wurk en dat fan de kollega’s oan de lêzers te ferkeapen. Benammen healwei de middeis wie dat net in poepetoer, want in mannichte oan publyk skode foar de kreamen lâns en toande in grutte belangstelling foar de nije Fryske útjeften.

De jiermerk yn Stiens like de moarns earst noch letterlik yn it wetter te fallen. In hjerstige seame skode stadich oer it noarden fan Fryslân en de rein foel mei bakken út ‘e loft. Om de middei hinne klearre it lykwols op en it sinneskynwaar lokke dochs noch in soad minsken nei de bradery.… Lês fierder

Nûmer 4 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It fjirde nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stiet de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foat it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 4 yn print

3 Redaksjoneel

Siebe Siebenga
4 It drama yn Eastermar en de rol fan de krante

Jacobus Q. Smink
21 Allways Goodbye

Jelma Knol
22 Paradysfûgels

Dick van der Plas
26 Simmerwrang

Teije Idzardi
31 Under de beam by Elberich

Rieuwert Krol
32 Skuord ferhaal

Bouke Slofstra
35 In klassiker út de tiid fan Hunsingo en Riustringen

Bartle Laverman
46 Trije Fertelsels

Hidde Boersma
49 Ferslave oan bankjes

Edwin de Groot
53 Roomske monolooch

Willem Winters
55 Esonstêd revisited

Redaksjoneel  ensafh 4 yn print

It wêzen fan in literêre tekst is dat er de konfrontaasje siket mei in eardere literêre foarm of ynhâld.… Lês fierder

09-09-09 Promoasje Alpita de Jong

logo.ensafh

Taalgeleerde Halbertsma was geen Friese nationalist

De negentiende-eeuwse taalgeleerde en schrijver Joast Hiddes Halbertsma (Grou 1789-1869 Deventer) is niet de Friese nationalist waar velen hem voor houden. Hij bemoeide zich niet zozeer met het Fries om de Friese cultuur versterken, maar om een bijdrage te leveren aan de opbouw van Nederland en Europa. Dat concludeert Alpita de Jong in haar proefschrift dat ze op woensdag 9 september aan de faculteit cultuurgeschiedenis van de Universiteit van Amsterdam moet verdedigen. Haar promotors zijn dhr. prof. dr. J. Leerssen en prof.dr. Ph. Breuker.

De Jong onderzocht de correspondentie van Halbertsma met andere taalgeleerden in Europa.… Lês fierder

Iepening Sutelaksje yn Stiens

logo.ensafh

Fleanende start fan de Sutelaksje yn Stiens
Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel jout op freedtemiddei 4 septimber by it gemeentehûs yn Stiens it startskot fan de lêste Sutelaksje, nei ’t It Fryske Boek mei in soad spektakel letterlik út ’e loft fallen is. Om krekt 14.30 oere ferskynt in SAR-helikopter boppe it gemeentehûs…

Yn 2009 fiert It Fryske Boek in jubileum. De stichting bestiet 75 jier. Dat jubileum betsjut foar It Fryske Boek net allinne weromsjen op in lange tiid fan promoasje foar de Fryske literatuer. It doel is benammen om foarút te sjen. Tiid foar in nije oanpak. Dêrom is de Sutelaksje fan ’t jier foar it lêst.… Lês fierder