Gjin fúzje Tresoar-Fryske Boek

logo.ensafh

Gjin fúzje Tresoar-Fryske Boek

It Fryske Boek en it Frysk histoarysk sintrum Tresoar sille foarearst net fusearje. Dat hat it bestjoer fan It Fryske Boek besletten. Wol sil socht wurde nei gearwurking. Sa krijt It Fryske Boek ûnderdak yn it gebou fan Tresoar yn Ljouwert.

Wis is wol dat de eardere direkteur fan It Fryske Boek, Durk Hibma, net mear weromkomt.… Lês fierder

Nije boeken fan de KFFB

logo.ensafh

Anders M. Rozendal: Hupsakee en oare ferhalen (ferhalebondel)

‘Yn in foarich libben haw ik grif seeman west,’ sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe’t wy omke mei de kloet dwaande seagen…

Mei it fleurige ‘Farre’ begjint dizze ferhalebondel, dêr’t alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wivelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr’t men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Guon fan ‘e 60 ferhalen binne mankelyk, oaren spannend of mystyk. Mar humor spilet de boppetoan en faak sille jo glimkje om de nuveraardichheden dy’t jo yn dit boek meibelibje.… Lês fierder

Friese troubadours nog eenmaal op tournee

logo.ensafh

Leeuwarden – De Fjouwer Fryske Trûbadoers gaan nog eenmaal op tournee door de provincie. Hoewel Gurbe Douwstra, Jaap Louwes, Doede Veeman en Piter Wilkens twee jaar geleden afscheid namen, staan ze dit najaar nog vier keer gezamenlijk op het podium. Aanleiding hiervoor vormen de twee besloten concerten die de troubadours dit jaar gaven tijdens de jubileumavonden voor stichting It Fryske Boek.

De concerten zijn op 25 septimber in de Koornbeurs in Franeker, op 28 november in De Klink in Koudum en op 12 december in De Skâns in Gorredijk. Daarnaast treedt het viertal op tijdens de Frysk Spektakeljûnen in oktober in hotel Tjaarda in Oranjewoud.… Lês fierder

Nije útjeften fan de Afûk/útjouwerij Fryslân augustus 2009

logo.ensafh

De Traveliers, Yslik aktyf, Anny de Jong
“Allegearre út de gongen”, brult er yn de ynterkom. Dan begjint er te sprinten. As George de beide tassen te pakken hat, fljocht er by de smelle treppens op mei yn elke hân in tas. It horloazje oan syn linkerpols tikket de lêste sekonden fuort. Hy rêdt it net. Mei de longen op knappen draaft er oer it dek.

Mei in swaai goait er de beide rêchsekken oer de reling. Se bliuwe in skoftke driuwen. Dan ferdwine se
yn it wetter. It duorret noch alve sekonden as mei in knal it wetter omheech spuitet.… Lês fierder

In memoriam Tony Feitsma (2)

logo.ensafh

Fochten hat se har hiele libben, fochten om heard te wurden

Op 9 augustus 2009 is Tony Feitsma stoarn. ‘Nei in warber libben dat yn it teken stie fan Fryslân en it Frysk en nei in dreech lêste jier is ta ús fertriet ferstoarn myn suster en ús muoike professor Anthonia Feitsma’ – sa stie it op de roubrief fan de famylje. Ut namme fan it bestjoer fan it Fûûns fwar it Frysk – ek wol ‘Feitsmafûns’ neamd – hat Irénke Meekma 14 augustus op de begraffenis yn de Minnistetsjerke te Grou it folgjende In Memoriam útsprutsen

It is noch mar in pear moanne lyn doe’t Tony – of frou Feitsma sa’t jo wolle – krekt heard hie dat se termkanker hie.… Lês fierder

In memoriam Tony Feitsma (1)

logo.ensafh

Tony Feitsma en har fertsjinsten foar de wittenskip

troch Durk Gorter

De lêste heale ieu fan de beoefening fan de frisistyk is ûntinkber sûnder Tony Feitsma. Har karrière omspant trije universiteiten. Hja studearre oan de Universiteit van Amsterdam, waard meiwurker oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit yn Grins, haadmeiwurker en letter heechlearaar oan de Vrije Universiteit en dêrnjonken en dêrnei heechlearaar oan de Universiteit van Amsterdam. Ek nei har ôfskied fan de UvA yn 1993 bleau hja wittenskiplik aktyf, want se hie ‘noch safolle te dwaan’.

It kin net oars of in libbensberjocht oer de merites fan Tony Feitsma’s wittenskiplike wurk docht har te koart troch de breedte fan har wurk.… Lês fierder

Trije nije boeken Friese Pers Boekerij

logo.ensafh

Sietse de Vries – Potstro Fongers

Trije manlju fan middelbere leeftyd besykje yn Potstro Fongers wat fan it libben te meitsjen. Snackbarhâlder Cor Fongers dreamt fan in potstro, in bistro mei allinne Fryske gerjochten. Aptekersassistent en keapman Marten Bok siket om in belizzing foar syn swarte jild. Resjersjeur Arjen Witteveen – hy wennet sûnt syn skieding wer by syn mem – begjint op terapeutyske basis oan it ûndersyk nei de moard op dyselde Marten Bok.

It boek spilet yn de wrâld fan de moderne misdied. Mar de motiven achter de strafbere feiten dy’t yn dit boek bedreaun binne oerâld: leafde en wraak.… Lês fierder