Professor Tony Feitsma (81) út Grou is snein yn Ljouwert ferstoarn. Se waard yn 1928 berne op in pleats yn Brantgum en studearre Frysk, Deensk en Frânsk oan de UvA. Tony Feitsma wie learares Frânsk, wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút te Grins en bûtengewoan heechlearaar oan de VU yn Amsterdam.
Har hiele libben hat Feitsma har ynset foar it Frysk. Se wie bestjoerslid fan ’e Koperative Utjowerij en foarsitter fan ‘e FNP.
De lêste funksje hie se mar even yn ’e begjintiid fan dy partij, begjin jierren ’60. Frou Feitsma hat in soad publisearre oer Frysk ûnderwiis, de sosjale skiednis fan it Frysk en de Frisistyk.… Lês fierder