Wa wint de GJ-Priis 2009? (36)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium om ’e pear dagen út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ’e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9), (10) , (11), (12), (13), (14), (15), (16) , (17), (18), (19) , (20), (21), (22), (23), (24), (25), (26), (27), (28), 29, 30, 31, 32, 33, 34 en 35.… Lês fierder

Imke Hooijenga

Michael Zeeman en in Frysk gedicht

logo.ensafh

Doe’t prof. dr. Philippus H. Breuker yn 2001 ôfskie naam fan de universiteit yn Leiden, dêr’t er bysûnder heechlearaar Fryske taal-en letterkunde wie, wie ien fan de sprekkers op it seminar Michael Zeeman.

Zeeman lies in Frysk gedicht foar dat him nei oan it hert lei. It wie fan Douwe Tamminga nei in fers fan Preker. Neffens Zeeman wie it ien fan dy útsûnderingen dêr’t de nije ferzje moaier is as it orizjineel. Letter fertelde er my dat it in kear yn ’e krante stien hie, fierder wie it nea ferskynd.


It koarte libben

Nei Preker 12

Tink oan dyn Skepper yn dyn jonge dagen,
dy tiid, oerbrûzjende fan fleur en smjocht,
eardat de jierren komme, dreech te dragen,
dêrsto fan seiste: my fergiet de nocht.… Lês fierder

03-09-09 Leeuwarder poëzie avond

logo.ensafh

Leeuwarder poëzie avond

Donderdag 3 september 2009 in debatcentrum De Bres, Schoolstraat 4 Leeuwarden.

m.m.v.
Anne Feddema
Ytsje Hettinga
Gerrit Herrema
Ronald Jan Fokkema
Anny de Jong
Cornelis van der Wal
Silvia de Wind
Baukje Wytsma     voorgedragen door
Minne Velstra
Rebound Boogie Band o.l.v.
Hein Jaap Hilarides

Presentatie: Melvin van Eldik en Arjan Hut
Aanvang: 20.00 uur
Entree: 5 euro… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (35)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium om ’e pear dagen út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ’e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9), (10) , (11), (12), (13), (14), (15), (16) , (17), (18), (19) , (20), (21), (22), (23), (24), (25), (26), (27), (28), 29, 30, 31, 32, 33 en 34.… Lês fierder

Sjoernalist en literêr kritikus Michaël Zeeman ferstoarn

logo.ensafh

Yn Rotterdam is sjoernalist en literêr kritikus Michaël Zeeman ferstoarn. Zeeman brocht syn jongesjierren troch yn Burdaard en siet yn Dokkum op de middelbere skoalle.

Zeeman begûn syn sjoernalistike karriêre yn de jierren tachtich by de Ljouwerter krante mei it skriuwen fan toanielresinsjes. Ek wurke er by boekhannel De Tille yn Ljouwert. Letter beskuldige de eigner fan de boekhannel him fan it stellen fan boeken en krige er dien. Neist de Ljouwerter krante skreau Zeeman ûnder oaren foar NRC-Handelblad en de Volkskrant. Ek wie er aktyf as skriuwer fan proaza en poëzy en wûn er in tal literêre prizen. Zeeman is moandeitejûn ferstoarn oan in harsentumor, hy is 50 jier wurden.… Lês fierder

De nacht fan de stroffelstiennen

logo.ensafh

Woansdei 9 septimber – try out (reservedatum snein13 septimber)

Tongersdei 10 septimber (reservedatum snein13 septimber)

Freed 11 septimber (reservedatum moandei 14 septimber)

Sneon 12 septimber (reservedatum moandei 14 septimber)

Kaartferkeap fanôf 1 augustus.

Ynformaasje op de webside www.iepenloftontwijk.nl of 06-30493981

De nacht fan de Stroffelstiennen is de earste Fryske roman fan Henk de Haan út Jobbegea 2002) Hy hat in meinimmend en bytiden spannend ferhaal skreaun mei moaie portretten fan gewoane doarpsminsken. Ytsje Hettinga út Koudum hat in prachtige Fryske toanielbewurking skreaun.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (34)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium om ’e pear dagen út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ’e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9), (10) , (11), (12), (13), (14), (15), (16) , (17), (18), (19) , (20), (21), (22), (23), (24), (25), (26), (27), (28), 29, 30, 31, 32 en 33.… Lês fierder