Ruurdtsje de Haan

Oan bannen

logo.ensafh

 

Om dit oerflak linige grinzen te jaan
snij ik it lân yn rûnten en rútsjes.
Sa tekenje ik in besletten fjild
fan beskate ôfmjittings. De figueren drage
ûneinige grinsleazens yn harren winen
en kearen. Ik kuereagje ferbline nei
de wite fiver, ynienen dûkt der in fisk op,
do, in hagedis, ik, en dan in pear
salamanders.

Us lotten lizze sânresom tsjerkere
en bandige oan de stjerren en planeten
fan dit oerflak, wy swimme rûntsjes
om de ruten fan dit papier. Nea sille wy
der los fan komme, it begjin wie
myn hân en hieltyd skûlet de frijheid
oan de ûnderkant.


Skreaun by de houtfyk Sky and Water út 1938 fan M.C.
Lês fierder

Hidde Boersma

Ensafuorthinne

logo.ensafh

 

Somtiden ha’k in soarte fan eufoarysk gefoel.
Dan fyn ik eat sa moai, idioat of fredich
dat ik yn it momint hingjen bliuwe wol.
Yn in stik muzyk, yn in hertslach, yn in sentimint, yn in gjalp.
In gewear pakke, sjitte, en efter de kûgel oanfleane.

En somtiden fiel ik my sa goed
dat ik net wachtsje kin op it fjouwerjen fan it libben:
earst dit, doe dat, dêrnei sa, lykas froeger, letter oars.

In oare kear gean ik sitten te lêzen.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

it byld is sa tear

logo.ensafh

 

ik ken de grinzen net, de wrâld is rûn
en dochs driuwe der blêden op it oerflak,
falt der in beam yn it wetter dy’t him niis
noch oan de râne befûn. in fisk sjocht mei it iene
each omheech, in karper is it, de kleuren

timpere troch de skaden om de mar.
ik ferbyldzje my in wrâld mei alles ynien:
in himel wjerspegele yn it wetter, in grûn
dy’t gjin boaiem ken, alles wat net libbet
ferstille yn it momint. sêfte weagen

streakje tûken en blêden driuwe op de ierde.
fûgels fleane troch it wetter en fisken
kûse wolkens yn de loft.… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 1

logo.ensafh

 

Dit is de earste ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning. Op reis fan San fransisco nei Foochow oer de Stille Oseaan belibje se de rûchste aventoeren.… Lês fierder

Bartle Laverman

Tory Island 1

logo.ensafh

 

Tory Island 1

nim it byld
fan de Wanderer
heech yn de bergen útsjend
mei de rêch nei dy ta
ien knibbel bûcht
yn in hâlding as wiene
de snie beskûme koppen
trochhimsels makke
sa leit dit eilân
foar de kust
net sûnder libben
of soargeleas:
elke jûn ûntstekt
syn fjoertoer de ljochten

de woede fan it wetter
oanboaze fan de wyn
of har sachtsjes aaikjen
nei safolle ieuwen wol bekend
sljochtwei in âlde man
mei tipelsinnige ideeën… Lês fierder

Date Salverda

krystgedachte

logo.ensafh

 

in protte minsken dy’t
dit jier kryst fiere,
sille de folgjende kryst
net mear helje

no ite se noch lekker
fan kalkoenen en bargen,
takom jier binne hja de proai
fan wjirmen en maitsen

sa besjoen soe elke kryst
in bytsje freedsumer wurde,
as der mar gjin berntsjes
berne waarden… Lês fierder

Edwin de Groot

Bob Dylan song it al

logo.ensafh

 

To know the change and feel it….
John Keats

I.
Unlân

Elke woansdeitemiddei wie it oarloch.
Fochten wy as liuwen en
mei de fjurrenhouten mitrailleur, made by Heit,
waard de lânseare ferdigene.
Mannich MAVO-genoat sneuvele.

Us slachfjild wie learzens fol wetter,
drek oant yn ‘e naad en nei elk syn weropstanning
stjonkend as murden wer op hûs oan.
Nei memmen suchtsjend mei de Biotex.

II.
Bedrijventerrein-West

Fan kante mûlen ribbeltsjekarton
liplês ik fonkelnagelnije neonnammen.
Trochride no, wylst op ‘e autoradio Piet nei
“Times they are a-changing”
de winter (it neamen net wurdich) út febrewaris snijt.

Woansdeitemiddei is ATV. Is mei de hûnen deidievje
yn in hoekje bosk, dêr ’t se noch los meie.… Lês fierder