11-12-12 De Moanne live oer Lodo van Hamel

logo.ensafh
Ald-konrektor en ûndersiker Han Korting fan Santpoort-Noard skreau in yndrukwekkend boek oer de marine-offisier Lodo van Hamel (1915-1941), de earste yn Londen oplate, geheim agint yn beset Nederlân. Hy waard yn oktober 1940 arrestearre by de Tsjûkemar.
Foar syn boek hat Han Korting yntinsyf argyfûndersyk dien by it NIOD en it Nasjonaal Argyf yn Den Haag. It boek is ein juny oanbean oan âld-premier Piet de Jong, dy’t foar de oarloch, lykas Lodewijk van Hamel op it Koninklijk Instituut foar de Marine yn Den Helder in oplieding folge as offisier. Nei’t se, sa’t yn dy tiid gebrûklik wie, trije jier yn Nederlânsk-Yndië sitten hienen, briek yn Nederlân de oarloch út.
Lês fierder

07-12-12 Presintaasje nije bondel Bartle Laverman

logo.ensafh
Graach noegje wy dy/jimme út foar de presintaasje fan de nije dichtbondel
Foar elke man in eigen pake
fan Bartle Laverman !
Dy presintaasje sil wêze op freed 7 desimber om 17.00 ûre yn
Galerie BAS Marktstraat Snits (neist it stêdhûs)
Feest dus mei muzyk, dichters en de preview fan de nije BAS-eksposysje:
“De voorstelling kan beginnen”.
Wy sjogge dy/jimme graach!
Bartle Laverman
Piter Boersma (Utjouwerij Hispel)

Lês fierder

24-11-12 Sympoasium Jan Wybenga

logo.ensafh

Op sneon 24 novimber (soe earst 28 septimber) wurdt in eksperiminteel sympoasium organisearre oer it wurk fan de dichter Jan Wybenga mei de oanbieding fan syn Samle fersen + in kleurkatalogus fan syn byldzjend wurk +CD.

Oanbieding:

Samle fersen fan Jan Wybenga oan S. Wybenga-Post

Sprekkers:

  1. Teake Oppewal fan Tresoar: ien en oar oer de poëzij fan Jan Wybenga
  2. Abe de Vries: oer syn ynlieding by de Samle fersen fan Jan Wybenga
  3. Albertina Soepboer: poëzy Wybenga en Jung
  4. Piter Yedema: poëzy Wybenga en it Frânse eksistinsjalisme
  5. Jabik Veenbaas: poëzy Wybenga en it modernisme
  6. Huub Mous: Wybenga syn byldzjend wurk

Foarum û.l.f.Lês fierder

30-11-12 Stúdzjedei Friese Geschiedschrijving

logo.ensafh

STÚDZJEDEI FRIESE GESCHIEDSCHRIJVING, ca. 1913-1938

TIID:                  FREED 30 NOVIMBER 2012, 10.30–16.30 OERE
PLAK:               TRESOAR, BÛTERHOEKE 1 te LJOUWERT
Postma beheart ta de net folle ûnder de histoarjeskriuwers fan syn tiid die noch steeds oanhelle wurde. Benammentlik  op it mêd fan de lânyndieling en de rekonstruksje fan grounbesit yn de Midsieuwen, lykas ek fan it deistich libben yn de ier-moderne tiid, jildt hy noch altyd as in autoriteit. Hy keppelle wiidfiemjende boarne-ûndersyk oan in strikt metoadyske wurkwize. Der is nei him as histoarysk ûndersiker lykwols noch mar in bytsje ûndersyk dien. Foarsafier dat it gefal is, barde it meast op basis fan syn wurk op harsels.
Lês fierder

22-11-12 Leeuwarder Poëzie Avond

logo.ensafh

Leeuwarder Poëzie Avond 22 november in de Bres

Op donderdag 22 november aanstaande pakt de Leeuwarder Poëzie Avond uit met een keur aan fantastische en opzienbarende dichters, schrijvers en muzikanten uit het hele land en België. De Vlaamse dichteres Delphine Lecompte (Brugge1978) beleefde met ‘De dieren in mij’ haar poëziedebuut in 2009. Voor deze dichtbundel ontving ze de C. Buddingh’ prijs 2010 en de prijs van letterkunde van de provincie West-Vlaanderen 2011. Voor deze uitgave schreef ze een roman in het Engels ‘Kittens in the boiler’.
De gedichten van Lecompte kunnen worden omschreven als een vreemde mix van wrange humor, bevreemdende details, terloopse lichtvoetigheid, gelatenheid en (zelf)relativering, betekenisloze alledaagsheid en spotternij.… Lês fierder

18-11-12 Swing troch de nacht

logo.ensafh

Program:                     Sûkerbeat-konsert: Swing troch de nacht

Datum en tiid:             Snein 18 novimber 2012, 16:00 oere

Lokaasje:                     Andreastsjerke, Winaam

Tagongspriis:               € 8,00

Info en foarferkeap:     jantsjepost@planet.nl

‘Swing troch de nacht’ is de titel fan it poëzy- en muzykprogram, swingend en fol soul, fan dichter en foardrachtskeunstner Tsjêbbe Hettinga yn gearwurking mei syn 7-mans band ‘Breed Freed’. Op dit stuit is Tsjêbbe Hettinga bûten Fryslân de meast ferneamde Fryske dichter. Syn ynternasjonaal debút makke er doe’t er foardroech op ‘e Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993.  Dêr die bliken dat in Fryske dichter op it Dútske publyk likefolle yndruk meitsje koe as hokker Nederlânsktalige dichter ek.… Lês fierder