29-06-12 Boekejûn Makkum

logo.ensafh

Ferbeane relaasjes steane sintraal op ‘e Fryske boekejûn fan de Makkumer bibletheek op freed 29 juny. Klaas Jansma praat mei Willem Schoorstra en Jetske Bilker oer relaasjes dy’t spannender binne as gewoan, om’t se geheim bliuwe moatte. Mar binne se dêrmei ek ferbean? Dy fraach kin it publyk ek in miening oer ha, en jaan. It begjint om 19.30 oere.

Willem Schoorstra skreau yn 2004 it boek ‘Swarte Ingels’ oer in leafdesrelaasje tusken in broer en in suster. Se hiene in geheime seksuéle ferhâlding. It moai komponearre boek waard tige goed ûntfongen. Schoorstra krige der de Fedde Schurerpriis foar debutanten foar.… Lês fierder

23-06-12 Presintaasje De BEUL van Bolsward

logo.ensafh

Zaterdag wordt het boek ‘De BEUL van Bolsward’ gepresenteerd. Het is een boek van Willem Haanstra en is het derde in de serie over Bolsward, nadat eerder ‘Bolsward in Namen’ en ‘Bolsward in Oorlogstijd’ waren verschenen. Het nieuwe boek bestaat uit 20 hoofdstukken en in ieder hoofdstuk staat iemand centraal die met Bolsward verbonden was. Het gaat daarbij om bekendheden uit heden en verleden: 10 van voor 1900 en 10 van daarna.

De personen zijn onder andere De BEUL, de valsemunter Jan van der Nat, geschiedschrijver Peter van Thabor, dichter Gysbert Japix, agent Arjen van der Hauw, idealist Douwe de Wit,dominee Kreb, de gesneuvelde Wiebe van der Spoel, de onvergetelijke Corrie de Groot, de aparte Piet Landskroon en de Commissaris van de Koningin John Jorritsma.… Lês fierder

20-06-12 MidSimmerJûn yn Rie

logo.ensafh

Tal fan artysten op woansdei 20 juny

In festival fol mei moaie en leuke ferhalen en muzyk. Om yn styl en sfearfol mei elkoar de langste dei fan it jier te fieren. Dat is de MidSimmerJûn yn Rie. Fanwege it skrikkeljier is de langste dei dizze kear net op 21, mar op woansdei 20 juny. Tusken 19.00 en 24.00 oere binne der allegear foarstellings en optredens yn it doarp en sjogge wy mei elkoar de sinne ûndergean.

MidSimmerJûn begjint om 19.00 oere mei in konsert fan de band The Tranquis, mei prachtige teksten en melodieuze harkmuzyk. Om 20.00 oere startet in omgong troch it doarp, en krijt elkenien fjouwer foarstellings te sjen.… Lês fierder

24-04-12 Obe Postmalêzing Jabik Veenbaas

logo.ensafh
Obe Postma, dichter fan it ljocht

Yn de lêzing sil Jabik Veenbaas de foarnaamste tema’s út it wurk fan Postma op in tagonklike manear behannelje.
Hy sil in tal belangrike gedichten ynterpretearje oan ‘e hân fan de tema’s en yn petear mei de tahearders.
Veenbaas wennet yn Castricum en is oersetter en dichter yn it Frysk en it Nederlânsk.
Muzikale omlisting – fluitiste Martijn van Dongen (út Baar). Sy is blokfluitlerares en sil komposysjes spylje út de tiid fan de Barok.
Dizze jûn is yn it ramt fan it projekt ‘De Friese Staatsies’.
Tagong fergees.
24 april 20:00 oere,  Tresoar – Aldehouseal.
Lês fierder