De dichter Douwe Tamminga en syn wurk
lêzing Freonen fan Tresoar
Oanlieding foar dizze lêzing is it ferskinen fan de bondel mei de Fryske fersen fan Tamminga en de troch him út oare talen yn it Frysk oersette gedichten. De presintaasje fan de mânske bân (743 siden) mei dêroan taheakke in cd (mei pdf) dy’t de net-bondele fersen befettet (471 siden) wie op 13 oktober by Tresoar. Tineke Steenmeijer- Wielenga en Jelle Krol hawwe de bondel gearstald.
Op de jûn fan 15 novimber sil Tineke Steenmeijer fierder yngean op Douwe Tamminga en syn wurk.
Njonken de foardracht fan Tineke Steenmeijer sil der in kompilaasje te sjen en te beharkjen wêze fan lûd- en byldfragminten, mei de titel “D.A.… Lês fierder


