22-10-11 Poëzie in de Oldehove

logo.ensafh

Tijdens de Dag van de Leeuwarder Geschiedenis op 22 oktober aanstaande zal er een poëzieavond worden gehouden in de Oldehove. Bekende Friese dichters zullen er gaan voordragen, maar ook enkele minder bekende poëten zullen het unieke podium boven in de Oldehove gaan betreden. Zeker is dat allen naast hun ‘gewone’ eigen werk minstens één gedicht over de Oldehove gaan voordragen. Arjan Hut (ex stadsdichter van Leeuwarden) is een Fries schrijver/dichter, die vooral in het Fries schrijft, maar soms in het Nederlands. Zijn bekendste gedichten zijn ‘Under de Toer’ en het lange voordrachtsvers ‘Fjoertoer de Aldehou’. Yva Hokwerda woont en werkt dicht bij de Oldehove.… Lês fierder

13-10-11 Presintaasje Samle fersen D.A. Tamminga

logo.ensafh

Eala!

Hjirby wurde jo fan herten útnoege om by de presintaasje te wêzen fan de Samle fersen fan D.A. Tamminga.

De Fryske fersen fan Tamminga en de troch Tamminga út oare talen yn it Frysk oersette gedichten ferskine no foar it earst allegearre yn ien mânske bân (743 siden) mei dêryn in dvd (mei  pdf) dy’t de net-bondele fersen befettet (471 siden). De bondel, mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga, ferskynt as nûmer 18 yn de saneamde Holder-rige fan de Fryske Akademy. De fersen binne besoarge troch Tineke Steenmeijer en Jelle Krol.

De presintaasje wurdt hâlden yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek en sil plakfine op 13 oktober yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert.… Lês fierder

16-09-11 oant en mei 16-10-11: Aktiviteiten Moanne fan it Fryske Boek

logo.ensafh

De Moanne fan it Fryske boek 2011

Op 16 septimber giet Moanne fan it Fryske Boek fan start. Foar de twadde kear in moanne grôtfol Frysk-literêre aktiviteiten oant en mei 16 oktober 2011.
Oer en mei skriuwers, muzikanten en boeken.

De Moanne begjint mei in spetterjend Frysk boekefeest, tuskentiids op 1 oktober rydt de literêre trein en as ôfsluting wurdt de Reis-Aksje mei de Fryske ferfiersmaatskippijen en tal fan musea en galeriën wer hâlden.

Mei tal fan wedstriden, tochten, lêzings, literêre jûnen, middeis fan de Fryske smaak, wurdt dit festival optúgd.
It Aksjeboek foar bern ‘De bisteboel fan omke Roel’ en it Kadoboek fan Hylke Speerstra ‘De treastfûgel’ is yn de Moanne fan it Fryske Boek rûm foarriedich by de boekhannel.… Lês fierder

07-10-11 Theun de Vrieslêzing

logo.ensafh

75 jaar lang heeft Theunis Uilke de Vries geschreven. Zo’n 160 titels staan op zijn naam. Tijdens zijn lange leven gooide hij niets weg, hij bewaarde alles. Na de dood van de auteur in 2005 werd dochter Sandra geconfronteerd met een enorme literaire nalatenschap, inclusief een omvangrijke bibliotheek. Dozen vol (misschien) interessante literair-historische documenten, mappen, boeken en voorwerpen stapelden zich op. Wat zat daar allemaal precies in? En, hoe pak je zo’n karwei aan? Zelf aan het werk? Of die muur aan dozen direct ongezien doorschuiven naar het NLMD en Tresoar?

Op vrijdag 7 oktober 2011 zal Sandra de Vries de jaarlijkse Theun de Vrieslezing verzorgen en vertellen over de afwikkeling van dit bijzondere project.… Lês fierder

16-09-11 Begjin betinking Kneppelfreed

logo.ensafh

Dit jier betinkt de Ried fan de Fryske Beweging Kneppelfreed 60 jier (16 novimber 1951–2011). Fan septimber oant en mei novimber (60 dagen) sille tal fan aktiviteiten plakfine yn Fryslân. Yn dy 60 dagen betinke wy net allinnich Kneppelfreed – reboelje by de rjochtsaak oer it Frysk yn it offisjele ferkear – en Fedde Schurer (1898–1968), de dichter, sjoernalist en politikus, dy’t him yn dat ramt sterk makke foar it Frysk, mar ek wurdt oandacht jûn oan de rykdom oan talen op de wrâld.

Lês fierder  by keppelje.nlLês fierder