02-12-10 Presintaasje Canterbury Tales

logo.ensafh

U t n o e g i n g

foar de feestlike presintaasje fan de oersetting fan de Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer troch Klaas Hoekstra (mei lêzing en muzyk, kofje en resepsje nei) op tongersdei 2 desimber fan 15.00-17.00 yn Tresoar, Bûterhoek 3 yn Ljouwert.

Op de deis fan ‘e presintaasje is it boek foar 25 euro te keap!

Titel: Canterbury Ferhalen
Skriuwer: Geoffrey Chaucer
Oersetter: Klaas Hoekstra
Tal siden: 565
Priis: € 35

Mear oer it boek:

Tritich minsken binne ûnderweis nei Canterbury. Se komme út alle lagen fan ‘e midsieuske maatskippij.
Foar de ien is it in spirituele reis, foar de oar is it in fakânsje.
Lês fierder

30-11-10 Lêzing Tromp oer poëzij

logo.ensafh

Fan ’t winter sil der in rige fan fjouwer lezings organisearre wurde by Tresoar, der’t saakkundigen in algemien oersjoch en in persoanlike wurdearring fan de Fryske literatuer yn it nije millennium yn biede sille. Dus net allinne: wat is der ferskynd?
Mar benammen ek: is it de muoite wurdich? Efterinoar sille Hylke Tromp, Bouke Oldenhof, Alpita de Jong en Doeke Sijens in persoanlik oardiel jaan oer de sjenres der’t se yn it Fryske literere fjild algemien as ekspert yn jilde.

Data en sprekkers:

30 nov – Hylke Tromp, ‘De tromp fan Driessen’, oer de poëzij

Lês fierder

19-11-10 Konferinsje Slauerhoff

logo.ensafh

Op 19 novimber organisearret it Obe Postma Selskip yn Tresoar in landlike konferinsje oer Jan Jacob Slauerhoff (sjoch www.obepostma.nl). Sân sprekkers sille it wurd fiere. Guon lêzings geane oer Slauerhoffs heitelân; ek syn relaasje mei de Fryske dichter Obe Postma en de skriuwer Terborch binne tema’s dy’t op it aljemint komme sille. De lêzings wurde begjin 2011 yn boekfoarm útjûn. Lykop rinnend oan de konferinsje organisearret Tresoar in útstalling oer Slauerhoff.

Lês fierder by SkanomoduLês fierder

30-10-10 Boekemerk Tresoar

logo.ensafh

30-10 Boekemerk Freonen Tresoar

Elk jier wurde boeken fan Tresoar dy’t om de ien of oare reden net yn de kolleksje opnommen wurde, troch de Freonen fan Tresoar ferkocht. By dy boeken sit ferskaat, âld en wat minder âld, boeken oer skiednis, filosofy, Fryske romans ensfh.
De boekemerk is op 30 oktober by Tresoar yn Ljouwert. It earste oere (fan 10.00 oere ôf) meie klanten maksimaal 15 boeken keapje.
Tusken 11.00 en 12.00 oere mei út it restant ûnbeheind kocht wurde. Der wurdt kontant ôfrekkene (der is gjin mooglikheid om mei pinpas te beteljen).
De boekemerk is yn earste ynstânsje foar de Freonen fan Tresoar .… Lês fierder

29-10-10 Dei fan de Fryske Taalkunde

logo.ensafh

It Taalkundich Wurkferbân organisearret dit jier foar de fjirde kear de Dei fan de Fryske Taalkunde, oarnearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk.

Wannear: Freed 29 oktober 2010
Wêr: Fryske Akademy, It Aljemint, Doelestrjitte 2-4, Ljouwert
Tiid: 8.30 – 17.00 oere

Elkenien dy’t fan doel is om te kommen, wurdt frege om dat troch te jaan:
oer de mail: wvisser@fryske-akademy.nl
oer de tillefoan: 058-2343037 (streekrjocht), 058-2131414 (algemien)
skriftlik: Fryske Akademy, Taalkundich Wurkferbân, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert

Programma

8.30 YNRIN EN KOFJE

8.55 IEPENJEN

9.00-9.30 Anne Merkuur, Universiteit van Amsterdam
Conversie in het Fries

Parallelsesjes
A: yn seal 1
B: yn seal 2

9.30-10.00-A John A.… Lês fierder