Op 24 oktober de middeis om 15:00 oere is der in foarstelling yn ’t ramt fan ’t Literêr Sirkwy yn ’e Greate tsjerke fan Poppenwier. Muzikanten Wiebe Kaspers en Rob du Jardin sille mei in ferskaat oan ynstrumenten in wikselwurking oangean mei de dichters Elmar Kuiper, Edwin de Groot, Sytse Jansma en Aafke Koster. In midddei fol spannende ymprovisaasjes en klankbylden wêrby’t de dichters reagearje op de de muzikanten, en oarsom.
It earder oankundige optreden fan Eppie Dam kin troch omstannichheden net trochgean. Edwin de Groot sil him ferfange.
Lokaasje: Greate tsjerke, de Buorren, Poppenwier
Sjoch foar mear ynformaasje by It Skriuwersboun… Lês fierder