It 14de EURALEX International Congress wurdt fan 6 july oant 10 july 2010 holden yn Ljouwert. It kongres wurdt organisearre troch de Fryske Akademy.
De EURALEX-kongressen bringe profesjonele leksikografen, útjouwers, ûndersikers, software-ûntwikkelders, en oaren dy’t niget hawwe oan ferskillende wurdboeksoarten, byinoar. It programma bestiet út plenêre lêzings en parallelle sesjes oer de hjirûnder neamde ûnderwerpen. Der binne softwaredemonstraasjes, foar it kongres wurde tutorials en spesjalisearre workshops holden, der is in aparte sesje foar studinten en work-in-progress en in boek- en softwareútstalling. Fierder binne der sosjale programma’s foar dielnimmers en har gasten.
Foar mear ynformaasje oer it ûndersyk nei de leksikografy fan minder brûkte net-offisjele talen kinne jo hjir klikke: questionnaire.… Lês fierder