21-11-09 CD Presintaasje Nan’n Ankie

logo.ensafh

Op 21 novimber 2009 sille wij – yn Landgoed Glinstra State, Schoolstraat 83 yn Burgum – in ‘Meisjong’-konsert fersoargje, ta gelegenheid fan de presintaasje fan ús nije Fryske CD ‘Moai mei dij’.

Graach wolle wij jo/dij/jim útnoegje dêrbij oanwêzich te wêzen. It konsert begjint om ± 15.30 oere en de eintiid sil om ± 17.00 oere wêze. Bij in oantal fan de lietsjes sille wij ús gasten útnoegje om mei te sjongen. Fanôf ± 14.00 oere sille we oefenje gean mei dy minsken dy’t it aardich fine om de meisjongpartijen fan de lietsjes yn ’t foar troch te nimmen. Om 13.30 oere giet de seal iepen.… Lês fierder

20-11-09: útstalling Koos van der Sloot

logo.ensafh

Bal Masqué door Koos van der Sloot

Vanaf 20 november treedt Koos van der Sloot voor het eerst naar buiten met zijn assemblages waarin eieren de hoofdrol spelen. De tentoonstelling is tot en met 17 januari 2010 in het Natuurmuseum Fryslân te zien.

Koos van der Sloot (Joure, 1953) zwierf als jongen door de bossen en weilanden rondom zijn geboorteplaats. Net als veel jongens in die tijd legde hij een verzameling aan van de eieren die hij vond. Hij kon zich helemaal verliezen in de subtiele kleuren van de eieren en zich verwonderen over de abstracte schildering van de schalen. De verzameling van toen is helaas verloren gegaan, de fascinatie is er nu nog steeds.… Lês fierder

Data november 2009 Klanklanskippen

logo.ensafh

De schilders Jan Snijder en Christiaan Kuitwaard werken samen met muzikant Sytze Pruiksma in het improvisatie/geluidscollectief Nodo. Gebruik makend van een breed arsenaal aan conventionele en onconventionele klankvervormers proberen zij met gitaar en percussie muzieklandschappen te schilderen. Zelf noemen zij hun muziek geïmproviseerde filmische klanklandschappen. NODO maakte in 2007 een cd die verscheen bij de catalogus van de tentoonstelling De Deelen in museum voor moderne kunst Belvedere in Heerenveen. Voor de landschapsinstallatie Lân van Sytze Pruiksma en Tryaters Elfstedentocht leverde NODO verschillende geluidsfragmenten. NODO bracht in eigen beheer de CD Skylge uit, een samenwerking met Albertina Soepboer en Tsjebbe Hettinga (geïmproviseerde poëzie en muziek geïnspireerd op het eiland Terschelling).… Lês fierder

21-11-09 Temagearkomste Skriuwersboun

logo.ensafh

Frijheid foar kwaliteit – Kwaliteit foar frijheid, oer subsydzjes foar skriuwers

Skriuwers en oersetters kinne mar selden fan ’e pinne bestean. Yn in soad lannen dogge se har literêre wurk yn ’e jûnsoeren, as it brea fertsjinne yn in oare funksje. Yn Nederlân stelt it Fonds foar de Letteren talintearre letterkundigen yn steat har in skoft frij te meitsjen foar har echte fak, de literatuer. Subsydzjes bringe de rêst en de frijheid jaan om kwaliteit te meitsjen. Dêrby snijt it mes oan twa kanten: skriuwers en oersetters krije subsydzjes, de lêzer krijt moaie, ferrassende, spraakmakkende, lyryske, belangwekkende en fernijende literatuer. It Fûns stipet nammentlik allinne minsken fan wa’t kwaliteit ferwachte wurdt, want dy kwaliteit, dêr draait it om.… Lês fierder

03-12-09 Liwwadder Poëzie Avond

logo.ensafh

Liwwadder Poëzie Avond op donderdag 3 december in theater De Bres – Leeuwarden met: Machteld Brands, Ellen Deckwitz, Gijs ter Haar, Jolies Heij, Arjan Hut, Wibo Kosters, Inger van Lamoen, Liesbeth Prins en Heike van der Vliet.

Muzyk: Grapefruit Moon – the Tom Waits project

Aanvang: 20.00 uur
Entree: 5 euro… Lês fierder

15-11-2009 Poëzy yn Skipfeartmuseum Snits

logo.ensafh

Snein 15 novimber, om 15.00 oere is it Literêr Sirkwy yn it Skipfeartmuseum yn Snits.(Kleinzand 14) Sân dichters sille dêr optrede, ûnder mear Job Degenaar, Hein Jaap Hilarides en Yva Hokwerda. Foar it publyk is it in unike gelegenheid om yn ’e kunde te kommen mei sawol Nederlânsk- as Frysktalige poëzije, en fansels sil Henk van der Veer foardrage yn it Sneker stedsdialekt. Dêrneist sil de Fryske Trûbadoer Pieter Wilkens in priuwke jaan út syn repertoire fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rok ‘n’ roal. De presintaasje is yn hannen fan Edwin de Groot.

De tagongspriis is € 2,50 , foar museumjierkaarthâlders fergees.… Lês fierder

Trûbadoersjûnen yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean

logo.ensafh

It Fryske Boek bestiet 75 jier. Om dat te fieren is dit jier in tal ekstra aktiviteiten op priemmen set. Spesjaal foar elkenien dy’t op ien of oare wize oan de Sutelaksje meiholpen hat wurde op tongersdei 29 en op freed 30 oktober Trûbadoersjûnen hâlden. Dat sil wêze yn it Posthûs Teater op it Hearrenfean, de jûns om 20.00 oere. De fjouwer Fryske trûbadoers, Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, Jaap Louwes en Doede Veeman hawwe op fersyk fan it jubilearjende Fryske Boek in nij program gearstald.

Foar de beide jûnen op it Hearrenfean binne noch kaarten beskikber. Dy kinne besteld wurde op telefoannûmer 058- 2343090 of fia de e-mail: ynfo@fryskeboek.nl… Lês fierder