Piter Boersma

Foaropwurd 107

logo.ensafh

Foaropwurd

fan freed 18 jannewaris 2008

In oergongsjier: Farsk-Hjir
2008 wurdt foar Farsk in oergongsjier. Yn it redaksjoneel by it foarige nûmer is al oankundige dat Farsk en Hjir dit jier al redaksjoneel gearwurkje sille en dat der op ta wurke wurdt om mei yngong fan takomme jier mei in nij fúzjetydskrift út ein te setten. De plannen dêrfoar binne ûndertusken oan ’e subsidiënten foarlein.
Wy hoopje dat it dit jier al slagje sil om sawol Farsk as Hjir te fersterkjen en út te bouwen, sadat der in goede basis leit foar 2009.

Redaksjegearstalling
De redaksje fan Farsk (en Hjir) bestiet no út: Greet Andringa, Piter Boersma (haadredakteur), Edwin de Groot, Inge Heslinga, Sytse Jansma, Jelma Knol, Jacobus Q.… Lês fierder

Dûbeld foaropwurd 106

logo.ensafh

foaropwurd 106

fan freed 21 desimber

Us lêste Farsk fan 2007 is in echt dûbelnûmer. Krystnûmer en perfoast gjin(!) trystnûmer, mar wol in bytsje fan it dûbele gefoel.

Jo ha no fansels it Grutte Dûbelnijs al meikrigen: Farsk en Hjir geane redaksjoneel gearwurkjen en sille oan op in fúzje yn 2009. Tegearre wolle wy ta op in hiel nij blêd, mei in nije namme – dy ’t noch betocht wurde moat, lykas de úteinlike nije tydskrift formule.

It is miskien efkes skrikken, want fansels is hjir (ik bedoel Fryslân) de earste gedachte: in Frysk Literêr Tydskrift minder, wurdt it dêr wol better fan?… Lês fierder

foaropwurd 105

logo.ensafh

foaropwurd

fan freed 7 desimber 2007

Sinteklaas is fuort, jo kinne wer efkes útblaze, want # 105 iepent dermei yn in moai loftich fers fan Meintsje Brouwer; har debút op Farsk.

Henk Liauckema syn fers Chantal bringt de loft ek poëtysk yn beweging, mar dan wer hiel oars.

Durk Linige docht ús oan mei syn fers by de betide dea fan syn leave dochter Cynthia, yn de Mid-Frysk Goud rige fan Eric Hoekstra.

Abe de Vries is oandien troch de muzyk, it libben en de fersen fan de yn 1997 ferstoarne dichter/sjonger Townes van Zandt. Yn syn essee – plus twa filmkes mei Townesmuzyk – ek Fryske oersettingen fan Townes-lieten troch Gerrit Breteler en Beorn Nijenhuis.… Lês fierder

Foaropwurd 104

logo.ensafh

foaropwurd 104

fan freed 23 novimber 2007

Dit is F-nûmer 104, in nij haadstik byskreaun yn it lange oersjoch fan Farsk-additiven, in list al hast like lang as de E-list dêr ’t Koosje Melis sa mei omrint. Kinne jo se, dy E-nûmers op de ferpakking fan wat jo ite?
Heare jo ek by it leger fan etiketlêzende zombie’s yn de supermerk? Dy lju dy’t -hoewol minder leven meitsjend- like ferfelend de wei nei jins favorite pizza blokkearje as de breedút kletsende kloften fan inoar treffende kunde yn ’e gongpaden? 
 
Binne jo faaks ek sa ferslaafd oan it witten-wat-jo-ite dat oaren der gek fan wurde?… Lês fierder

Foaropwurd 103

logo.ensafh

foaropwurd 103

fan freed 9 novimber 2007

Binne jo ek sa kjel wurden?
Fan de  ‘superstoarm’ dy’t troch in Ingelsman foarsein is en oersetten troch ús Pyt op syn waarpraatlog? Of fan ’e wurdfierder fan in groepke domme Damwâldsters dy’t net doare en kom oer de hage foar jo nije buorlju? Ja, it is slim ûnlijich waar yn Fryslân, mar… it is hjoed ek GoedNijsdei!
Dus, foar tsjinwicht yn dizze rûzige novimberstoarmdagen komt Farsk 103 mei fleurigens en haachlike wurden:

Klaas Bruinsma skreau in dútsktalige parody op Die Forellen en makke der in baksoad fisk fan yn syn Fryske oersetting.… Lês fierder

Foaropwurd 102

logo.ensafh

foaropwurd 102

freed 26 oktober 2007

Der waaide in kâlde wyn troch de Boalserter Broeretsjerke juster, in dûbelrige fan kachels koe net boppe kjeld en sigen út stoke, en de waarme stim fan troubadour Piter Wilkens kaam sûnder fersterking net út boppe strjitlûden en klokke- of beltoanen.

Soks krije jo, yn in tsjerke sûnder akoestykdak en méi in permaninte iepen (traalje!-)doar. It frege dus nogal wat trochsetten fan it selekte publyk, de griizjende Fryske literêre wrâld bij-inoar: fan ’e tradysjetrou yn it monumintale âlde gemeentehûs nei wat Deputearre Jannewietske de Vries neamde: ‘de ferbyldzjende krêft fan nije arsjitektuer en kreative spanning.’… Lês fierder

Foaropwurd 101

logo.ensafh

Foaropwurd 101

freed 12 oktober 2007

As jo as Farskredaksje nei it op papier ferskynd feestnûmer 100 trochgeane mei wer in ‘gewoan’ nûmer dan wurdt dat 101, logysk. Mar… is 101 wol sa gewoan? In bytsje ynternetsykjen nei dat sifer smyt hiel nijsgjirrige ûntdekkings op:

101 bestiet út ienen en in nul: krekt de beide sifers dêr’t alle kompjûter-programmeartaal út opboud is, de digi-taal dus.
Foar wa’t (by)leauwe wol yn goeie (foar)tekens is 101 dus in prachtich logysk en symmetrysk nûmer om as ynternettydskrift wer digitaal mei útein te setten. Mei Farsk 100 -ek al folslein yn ‘goeie’ digitekentaal, wa leaut noch yn tafal?-… Lês fierder