Foaropwurd nûmer 100

logo.ensafh

by it ferskinen fan nûmer 100

freed 28 septimber 2007

DIT IS NET FARSK 100.

Dus is dit ek net it foaropwurd fan Farsk 100, want jo lêze no inkeld de ‘ankeiler’ dêrfan.

It iennige echte nûmer 100 ferskynd hjoed yn print en leit as ‘jubileumspecial’ yn de bettere boekwinkel op jo te wachtsjen.

Jawis, dat is Farskredaksjehumor: Meitsje 99 frij tagonkelike ynternettydskriften en stjoer de lju foar nûmer 100 de dyk út.

No ja, toe dan mar: digitaal bestelle en betelje kin ek: hjir. Mar wês rap, Farsk 100 is in echte limited edition en op is op!… Lês fierder

Foaropwurd nûmer 99

logo.ensafh

foaropwurd

freed 29 juny 2007

De digitale linen fan Farsk rûnen foar dit nûmer dwers troch in Feanhoopster petgat.

Dit tsjokke simmernûmer is sadwaande ‘powered by’ Rink van der Velde (1932 – 2001), skriuwer fan û.o. De Fûke, Feroaring fan Lucht en De Ofrekken (1). Harkje nei de petgatpetearen oer dit nûmer, optekene yn Rink syn Skriuwersarke.

Markol op it nest: ‘Hear ik dat goed? Veenbaas hjir wer en dat twa kear?’

Markolpyk yn ielstikel, piipjend: ‘Ja, en ek in Jenny Veenstra, mar dy kin ik noch net.’

Reidhintsje: ‘Ik kreakje no jim nest, opdonderje, hjir komt Elmar Kuiper!’

Swannepear, elk trije piken op ‘e rêch: ‘Wy sette grize en wite piken oer, migels en tsjoenders neffens frou Bilker.’… Lês fierder

Foaropwurd 98

logo.ensafh

foaropwurd

freed 15 juny 2007

‘Hast it útrôljen fan Willem S. juster ek sjoen?’

‘Huh, watte?’

‘Sis my net datst der noch neat fan meikrigen hast! Mei in mear as mânsheech doek op de gevel fan ‘e boekhannel hat er juster syn nije Fryske roman presintearre. Willem yn swart leer derop. Se ferwachtsje opskuor!’

‘Swart leer? Wol dat wat betsjutte?’

‘Ja, slûge! Hasto gjin assosjaasjes by mannen yn swart leer?’

‘O, giet dizze oer homo’s? Moat dat noch reboelje jaan dan?’

‘Yn Noardeast-Fryslân grif, en der skynt noch folle mear oan ’t hantsje te wêzen: fiergeande fasksistyske mieningen! En oer de klean- en oare koades yn de homowrâld kinst ek noch fan alles opstekke’

‘Koades, hin?… Lês fierder