André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 6, 2016: Hölderlin

logo.ensafh

‘Wat bliuwt lykwols, bouwe de dichters.’ Was bleibet aber, stiften die Dichter. – Oan de dichter fan sokke heechstimde ferwachtings oer it wêzen fan poëzij is in grut part fan dit nûmer fan ensafh wijd: Friedrich Hölderlin, de fisjonêre Dútske romantikus.
It is no 246 jier lyn dat Hölderlin berne waard, en 173 jier lyn dat er ferstoarn yn de toer yn Tübingen dêr’t de famylje Zimmer him as psychiatrysk pasjint ferplege. In jubileumjier woene wy net op wachtsje.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 4 , 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel

Ik skriuw dit op it terras fan in kafee yn Bitola, Masedoanië. It is in âld keapmanshûs, ljochtgiel, yn Súd-Frânske styl suver. De haadstrjitte kruset hjir in strjitte mei parkearde auto’s, dêr’t ik fan wit dat it foar fyftich jier in streamke wie, mei op dit plak de Stiennen Brêge. De stêd is yn dizze streek in oäze yn in leechrinnend plattelân, in oarde fan boargerkultuer ek al is er troch grinzen yn in ôfhandige hoeke bedarre. Alle jûnen paradearje de lju yn elegante simmerklean hjir de haadstrjitte op en del.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

logo.ensafh

Redaksjoneel Ensafh 3, 2016

Net dat ik gjin Gysbert Japi(c)x-boeken yn ’e hûs hie, mar ik krige pas echt aardichheid oan it wurk fan de Boalserter bard, doe’t ik ferline jier yn Brantgum op in feestlike middei yn tsjerke meisongen hie mei ‘Wolkom, freugde fan de wrâld’. De muzyk sloech foar my in brêge oer de 350 jier tusken Gysbert en no. Syn fersen yn drege stavering blieken sjongsume lieten. In histoaryske ûnderfining dy’t djipper yn it moed taast as rasjoneel te ferklearjen is.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 2, 2016

logo.ensafh

In ‘hy’ komt yn de kunde mei in ‘hjy’, yn it ferhaal ‘Nee, in persoan’ fan de jonge skriuwer Joël Huitema (*1995). In Fryske toerist triuwt in Deen oer de râne fan in klif (in koart ferhaal fan Johannes Beers). De lytse Admiraal Tom Pouce wurdt gemien narre, en der fynt spontane generaasje pleats yn it terpdoarp W. – neffens in nije fertelling fan Rink van der Velde-laureaat Anne Feddema.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel ‘Twastriid’, Ensafh 1, 2016

logo.ensafh

Twastriid: konflikt, twaspjalt, twivel… Dit nije nûmer fan Ensafh sit fol mei tsjinstridichheden.

Wy iepenje mei in lange oersetting troch Geart fan der Mear, fan in bysûnder stik Aldingelske histoaryske epyk. In fjildslach tusken Ingelsen en Wytsingen op in strân yn augustus 991, frjemd en fassinearjend. It is in gedicht dat ek de wrâld fan de ier-midsieuske Friezen in bytsje tichterby bringt

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel Ensafh 5, 2015, it Rely Jorritsma-nûmer

logo.ensafh

Aurelius Jorritsma (1905-1952) mocht hiel graach tekenje, skilderje en gedichten skriuwe. Mei ‘Rely’, syn ropnamme, ûndertekene er syn wurk. Yn syn jeugd wenne er yn it grutste hûs fan it doarp Jellum, mar letter hat Rely de measte tiid yn Nijmegen taholden. Doe’t er yn 1951 wist dat er net lang mear libje soe (hy hie multiple sclerose), makke Rely syn testamint op: al syn jild hat er neilitten oan in fûns foar it ‘bevorderen van de Friese letterkunde’.

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder