
I
Tusken ferdwûn Gerbranda en faai Ropta
leit it oait achtslein wûnder fan it mûntsjelân.
Bûtendyksters panderje yn roudoek om:
oranjebesnaffele silûetten yn ’e Kegen.
Jou no jo ear, by eartiids dit Getswerdersyl,
oan ’e waadwyn syn tryst preekjen
oer it Winaem fan Tsjits fan ’t Nijehûs,
it fergean fan mannich ding fan wearde –
sa hâlde wy it betinken en it leedomsizzen
yn eare. Foar loft en lân aloan ús gean
jûns let fan doar nei doar yn ’e bedelte,
tsjin kassen en gas- en sâltwinning,
en hoe nulleskerp stekt de bling-bling der
regionale ekonomy al ôf tsjin ’t ûnmachtich
ferset, dat mear strânljippen garje wolle soe
foar in militante gearsit oer it ôfjit.… Lês fierder


