Ulke Brolsma

It lêste goede nijs út Bihar

logo.ensafh

De ‘ferljochting’ fan de Heare Boeddha yn de Yndiaaske steat Bihar is it lêste goede nijs út dat lân. Sûnt dy tiid is it in naasje dêr’t de lju foaral nocht oan moardzjen hawwe, ferkrêftsje stiet ek heech op de list, omkeapje, yntimidearje en noch wat fan dat wûnderlike soarte saken kompletearje al ieuwen it byld fan dit lân. It ministearje fan Bûtenlânske Saken wol eigentlik net hawwe dat ik der hinne gean. Net dwaan dus. Mar ik wol út Varanasi wei mei de North East Express hielendal nei it noarden, nei Darjeeling, op famyljebesite. En dan moatte je troch Bihar.… Lês fierder

Skermer

Sljocht op Ginko

logo.ensafh

Om my te dûsen brûk ik sjippe, hierwaskersguod en trije, fjouwer of fiif soarten dûssjel. Ik brûk ek altyd in gewoan stik Palmolive-sjippe. It hierwaskersguod is fan it merk Sanex en lyksa ien fan dûssjellen, sa’t ik ek Sanex foar ûnder ’e oksels brûk, Sanex-skearsjel en Sanex-aftershave. De oare en wichtichste dûssjellen dy’t ik brûk binne fan Kneipp. Dêr brûk ik de soarten Jeneverbei, Ylang-Ylang, Lavindel en Ginko fan. Ik dûs my yn alle gefallen altyd mei Ginko en Ylang-Ylang en de Sanex-sjel. Ik bin sljocht op Ginko, om’t dy sa allemachtich sacht is. Mar de lêste moannen kin ik Ginko net besette, by alle drogisterijsaken yn ’e stêd net.… Lês fierder

Ytsje Hettinga

De nacht fan de seame en it skilderij

logo.ensafh
De deis dat sy de earste doazen leechhelle, hie sy in seame yn de gerdinen fan de sliepkeamer lein. Lange halen mei in sloppe tried. De einen net fêst. Wêrom hie sy dat sa dien? Wie it om’t sy de trie der dan gau wer úthelje koe?
Sy moast der faak oan tinke, dy jûns. Ek, doe’t se beide nei de sliepkeamer gienen om harren del te jaan. Sy tegearre yn it nije hûs.
Sy hie it him net ferteld, fan dy seame mei dy sloppe tried. It spoeke har deis gauris troch de holle.
Wie sy bang om har op ’e nij te jaan?
Lês fierder
Willem Winters

Grutte Seal

logo.ensafh

Se steane op ’e nominaasje foar it mes fan ’e minister & wethâlder, mar pakke noch gau even út. De biblioteken. Gratis boeken!
Yn in fleurich omkaft, tekst yn read wyt blau, swart en noch in stikje giel, jouwe se elk dy’t wol, in eksimplaar fan De Grote Zaal fan Jacoba van Velde.


In topper, in roman dy’t yn 1953 yn Nederlân útkaam en dêr’t neat fleurichs oan is.
In âlde frou kriget in harsenynfarkt, rekket ferlamme en bedarret yn in ferpleechhûs.
Dêr kriget se te meitsjen mei de hjoed noch altyd problematyske kanten fan de âldereinsoarch, hoewol’t der op dat terrein sûnt de jieren ’50 wol ferbettering kaam is, foarmje de omstannichheden yntramuraal [fral ferpleechhûzen], noch altiten in djippe yngreep yn it libben fan âlde minsken.… Lês fierder

Skermer

De Wei fan Ernesto Che Guevara (1928-1967)

logo.ensafh

che-yn-1951

che yn 1951

Ut Reisoantekens 1), it ferslach fan in reis op ‘e motor troch Latynsk Amearika dy’t Ernesto yn 1951-1952 makke mei syn freon Alberto Granado (it begjin):

‘Dit is net it ferslach fan yndruk meitsjende heldedieden, mar it is ek net allinne mar in ‘wat synysk ferhaal’; sa is it alteast net bedoeld. It is in haadstik út twa libbens dy’t op dat stuit in skoft mei-inoar op gongen, mei mienskiplike aspiraasjes en dreamen. In minske kin yn njoggen moanne fan syn libben oan in protte dingen tinke, fan ferheven filosofyske bespegelingen oant de leech-by-de-grûnske langst nei in board sop, al nei’t er de mage fol hat of net; en as er dêrby ek noch in bytsje aventuerlik ynsteld is, kin er yn sa’n snuorje mominten trochmeitsje dy’t faaks ek foar oaren nijsgjirrich wêze kinne en dy’t foar de fûst wei opskreaun, sa’n bytsje de ynhâld foarmje fan dizze oantekens.’… Lês fierder

Willem Winters

Agnita Feis

logo.ensafh

Freegje ris: wa wie de frou fan Theo van Doesburg [1883-1931]. Hast elk komt dan mei Nelly. Sy en Theo diene mei oan de lêste Dada fjildtocht troch Nederlân yn 1923, dy’t yn Drachten einige mei it ferneamde optreden fan Kurt Schwitters. De Doesburgen en oare dadaïsten lieten it hjir oan Schwitters oer. Oant safier bekende kost.
Dêrnei bringt it boek Avantgarde! Voorhoede? 1) dat ik foar in pear euro’s op de iepen dagen fan Steven Sterk keapje, my op in nij spoar. Want dêryn fyn ik in opmerking oer de earste frou fan Van Doesburg: Agnita Feis [1881-1944], wylst ik net iens wist dat er mear froulju hân hie.… Lês fierder

Ulke Brolsma

Big Surprise

logo.ensafh

‘Bisto troud?’ freegje ik. Tsjin my oer sit in jongkeardel fan krekt yn de tweintich, as ik him sa skat. Hy roeit my oer de Ganges. It is seis oere moarns en ik bin op wei nei de ghats fan Varanasi oftewol Benares, de kilometerslange kades dêr’t Hindu Yndia alle moarnen it wetter yn stapt op wei nei de ferlossing. Bygelyks om net as in kikkert werom te kommen op dizze ierde, mar as it efkes kin ien kaste heger of sa. Wat de mannen oanbelanget, leafst net as frou. De Ganges, de smoarchste rivier fan de wrâld. Alle sykten dy’t je betinke kinne sitte fleurich yn it Ganges Hindu pakket.… Lês fierder