Wy fleane op it stuit oer Warkum, op in twadde plak, in pear hûndert meter boppe de merk. Mei dizze snelheid binne wy yn fiif minuten yn Boalsert, as dy kâlde loftstreamen ús wat mei rêst litte teminsten, miskien moatte wy noch in pear manoeuvres meitsje om goed yndale te kinnen nei de einstreek. Wa’t as earste oer de A7 komt hat wûn.
Nûmer ien sjoch ik op in twahûndert meter foar ús út fleanen.
O ja… ‘wy,’ dat binne iksels as ferslachjouwer, en de piloat, Baron Otten te Deume út Amersfoort. Hy is eigner fan dizze PH 153.
‘Út hokker jier komt dizze kiste eins Baron?’… Lês fierder