Skermer

Nederlân yn Oarloch!

logo.ensafh

De sinne kliuwt. It wurdt strieljender. Okee, it waar wurdt strieljender, moaier. En okee, de skelfinken by ús yn ’e tún ha my yn ’e besnijing. Nee, hiene, want wrâlds’ gewelddiedichheid, misdied, ûnderdrukking, oarlochsuchtigens en bespotlikheid wrotte my yn ’e holle om – fansels wy wurde der deistich mei deaslein en it beselskippet jins gedachten altyd, mar troch ien of oare oanlieding spilet it dan ynienen mear.

It begûn doe’t ik op it skerm wer ris in stik ûnder eagen krige oer in rychje moarden op krityske sjoernalisten yn Ruslân. Politike moarden op krityske sjoernalisten wurde al lang breed útmetten yn ’e westlike parse, mar dan giet it om saken op nasjonaal nivo.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Ezzemesse-aaisykjen

logo.ensafh

Tomke besiket fergees de toetsen fan syn mobyl yn te drukken. De hannen fan ’e âldman binne trochiere mei smoargens, it binne foarse hannen fan immen dy’t in libben lang by de boer wurke hat. It yl fan it jierrenlange bodzjen sit as plamuerkessentsjes oan ’e binnenkant. De fingers binne troch de jierren hinne suver opset as woarsten.

‘Wol it net?’
‘Nnn…nee..e, nnnet echt!’
‘Sil ik oars eefkes it berjocht yntoetse?’
‘Nnno… Jjawo… hear… Ttt..omke hat sok ke tsss… jokke ffingerss…’

It begruttet my ek wol wat om ’e âldfeint. Hellet er in nij mobyltsje út ’e winkel en dan docht bliken dat er net iens de funksjetoetsen yndrukke kin by it ezzemessen.… Lês fierder

Willem Winters

Muybridge, it boek

logo.ensafh

Fan in freondinne krige ik in bysûnder boek.*) Dêryn wurdt útlein hoe’t Eadweard Muybridge [1830-1904] yn de 19e ieu wichtige eksperiminten útfierde om de kennis oangeande de bewegings fan bisten en minsken te fergrutsjen. Faak geane bewegings te fluch om mei it bleate each waarnimme te kinnen hoe’t it presys ferrint. It soe begûn wêze mei strideraasje oer in fjouwerjend hynder. Neffens de iene kaam er los fan ’e grûn. In oar miende dat dit gesichtsbedroch wie, dat in fjouwerjend hynder altiten wol mei ien poat fieling mei de ierde hold.

Muybridge soe útmeitsje wa’t gelyk hie. Hy makke fotografyske opnamen mei in hiele batterij kamera’s, dy’t elk in stikje fan ’e beweging fêstleine.Lês fierder

Skermer

Foarbyld fan in ideale literêre tekst

logo.ensafh

feng-shui t’ai-chi ch’üan ch’i-kung I Ching Tao Te Ching Chuang-tzu Lieh-tzu fang-shih ch’i Tao Te wu-wei yin yang Hua-hu ching chiao Han Wu-ti nei-chuan Huai-nan-tzu Lieh-tzu Pao-p’u tzu yiian ch’i T’ai-p’ing ching Hsiang-erh yin ch’i yang ch’i wu-hsing feng-shui chia-tzu hun p’o ch’i-kung t’ai-ch’i

Ik hie it al tocht ‘ming’ betsjut ljocht.

By de uterlike algemy kontrolearje deskundigen de tiid om it suverjen fan ’e materialen dy’t ûnstjerlikens skinke flugger gean te litten. By de inerlike algemy wurdt de stream fan fitale stoffen yn it lichem omdraaid om it ferstriken fan tiid en de gefolgen dêrfan om te draaien en sadwaande werom te gean nei de steat fan ien dy’t krekt berne en fol mei libbenskrêft is.… Lês fierder

Skermer

Jan Boomsma

logo.ensafh

Jan Boomsma stiet yn de moaie stêd Heidelberch by de baly fan it djoerste hotel fan de stêd. Hy is de moarns tegearre mei syn frou ôfset en ek mei har de Fryske grins oerstutsen, mar even foarby Apeldoorn sei se: ‘Jan.’
‘Ja, wat is der?’
‘It fljocht my ynienen oan. Ik wol graach datst dyn fatsoen hâldst. Ik wol net wer sa’n sêne. Ik wol my net wer skamje, sa as lêsten yn Grins.’
‘Dat witst wol, dêr falt mei my net oer te praten.’
‘Dan wol ik wer nei hûs. It is dy yn ’e kop slein.’
Hy wie omriden oer Arnhem om har by it NS-stasjon ôf te setten.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Ophef(fe)

logo.ensafh

‘Jo tinke oan in wittenskiplike oplossing foar it mystearje, professor?’
‘Wêr tochten jo dan oan, Hylkema!?’
‘Ik haw der gjin sjoege fan… yn alle gefallen liket my in ferwizing nei it geasteryk net foar de hân lizzend!’
‘Soks tinkt my ek… nimmen leaut hjoed de dei noch yn geasten… útsein Uri Geller… Andries Knevel… Char!’
‘Haha… professor… kostlik… de hypoteze is noch altyd fan it sûne ferstân hear ik wol!’
‘Wittenskip is wittenskip… ik wol ta op in ferwizing nei de levitaasjemetoade!’
‘Levi… wa?’
‘De Levitaasjemetoade… ‘levare’ betsjut ‘opheffe’ yn it Latyn. Ik haw in proefopstelling makke yn ’e oare keamer, kom mar eefkes mei.’… Lês fierder

Willem Winters

Unwissichheid

logo.ensafh

Is der noch in bewyske oan wissichheid oer no’t alle postkantoaren ticht geane, no’t de AOW faai stiet en jo sparsinten nei gychem binne troch de kredytkrisis.
Dêrmei hâldt it net op. Yn de Ljouwerter fan 6 febrewaris stie in berjocht dat noch folle djipper op de Fryske minske ynwurkje sil.
Undersiker [TNO] Henk Kombrink seit yn syn proefskrift dat wy op in tafelberch wenje. Dat is sa’n platte berch, dêr’t de top ôf mist. In tsjokke laach klaai, modder en sân der oerhinne, dêr libje wy boppe-op.
It moatte de oerâlde Friezen west hawwe dy’t sa’n wjeraksel hiene tsjin in berchlânskip, dat se mei har allen, skouders der ûnder, de pieken der ôfslein ha en dy op ’e kop yn it dal pript hawwe.… Lês fierder