Friduwih Riemersma

Bibleteken

logo.ensafh

By myn witten de iennichste online game oer in bibleteek is Escape Library: wa’t net gau genôch bûtendoar stiet is dea. Dat is miskien wat oerdreaun mar net ûnrealistysk. De sjitterij lêsten yn de bibleteek yn de universiteit fan Santa Monica is lang net de earste library shooting. Foar ien dy’t fjoerwapens genôch en lilkens tefolle hat binne bibleteken oantreklike plakken. Se binne iepenbier, der is amper personiel, de beweitsing is oplaat foar it behâld fan de boeken en net fan de lêzers, der is altyd wol libben wyt dat ûnbehindere benei te kommen is en de witen sitte noflik stil.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Fakânsje

logo.ensafh

Wy bedarje stadichoan wer yn de foar de measte minsken moaiste dagen fan it jier. De fakânsje. Al moannen binne der ferhalen oer wêr, hoe en hoe lang te hearren.

Om it daliks mar te sizzen: Ik fyn it de meast dramatyske tiid fan it jier. De tarieding is in ramp. It is no amper tsien oere moarns en ik ha de airco al neisjen litten, it lampke fan de airbag knipperet net mear en ik ha al in ôfspraak oer in dakkoffer makke. Dat wie ek al wer stress, want yn myn ûnskuld tocht ik dat soks noch wol koe, in pear dagen foardat it feest begjint.… Lês fierder

Willem Winters

‘Ik zullen wel gek wezen’

logo.ensafh

It fersyk om in protestbrief te ûnderskriuwen wie op in meeladres terjochte kaam dat ik hast nea brûk, sadwaande reagearje ik wat let op in oprop oan Provinsjale Steaten tsjin de nije staveringsfoarstellen. Hawar!

Yn it algemien haw ik neat tsjin ferbettering fan de stavering fan in taal. Mar hiel faak is der gjin sprake fan ferbettering, wurde nije regels net konsekwint tapast en ûntsteane hieltyd wer oare útsûnderingen. Wat in ferbettering wurde moast blykt in nije tizeboel op te smiten. Sjoch wat in rommeltsje se der yn it Nederlânsk fan makke hawwe mei dy n fan ‘panne[n]koek’!

In libbene taal is net in kreas betocht spultsje.… Lês fierder

Daam de Vries

Plasse

logo.ensafh

Neat mis mei de titel, soene jo sa sizze. In plasse, yn guon kontreien ek wol puozze neamt. Soks mei. Noch. Al sille beide wol bestean bliuwe, de klaaiske fariant kin moai foar ‘ferstân’ reservearre wurde. Hat elk wat. Of elk krijt wat him takomt, dat soe ek kinne. Mar wy moatte gjin spul ha fansels.

It ferskaat rekket der dan al justjes krekt in bytsje út. Guon achtsje dat yn it ramt fan de goede saak net sa’n probleem mar der is folle mear mei dy plasse anneks. It is net allinnich in ferearming mar in streekrjochte devaluaasje fan it taaleigen en last but not least in oanslach op de eigenwearde.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

APK-keuring fan de Fryske wurdlist

logo.ensafh

 

Wy ha twa fan dy jildfergriemende stikken blik op it hiem stean. Ien foar it wurk, dy hat in griis kenteken, de oare is foar priveegebrûk. Daliks mar efkes derby fermelde dat se net nij binne, want ik bin in Fryske skriuwer. Hoecht fierder gjin útlis by.

No moatte beide auto’s ien kear yn ’t jier foar de APK-keuring. Dat lit ik yn It Feen dwaan. Logistyk besjoen hielendal weardeleas, mar jo ha der in goed gefoel by en dan litte jo dat sa. Krekt as mei in toskedokter.
Hjoed wie it safier dat de privee-auto nei de garaazje moast.… Lês fierder

Willem Winters

Stalinkeunst

logo.ensafh

Wy doarmje troch de sealen fan it Drents Museum by de tsientallen skilderijen lâns, makke yn de tradysje fan it Russyske sosjalistysk realisme. Realisme kenne wy ek yn de westerske keunst. Wat is it ferskil?

Westersk realisme berêst op frije kar. De keunstner makket sels wol út oft er kleurde flakjes skilderje wol [Mondriaan], of himsels ekstreem uterje [Karel Appel] of de werklikheid sa eksakt mooglik werjaan wol. Sosjalistysk realisme hat in doel. Stalin feroardere dat keunst it stribjen nei in nije, sosjalistyske maatskippij stypje moat. De regels wiene strang. Portretten van ús kening/keninginne, skilderijen fan fjildslaggen binne net frij fan ideology.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

De moed fan de skriuwer

logo.ensafh

Pûsjkin fersint him in bytsje yn de plot fan syn ferzje fan Sniewytsje, It mearke fan de deade prinses en de sân ridders. It folksferhaal is ienfâldich fan opset en it wie al yn druk ferskynd, dus nei te sjen, foardat de Grimms mei harren ferzjes kamen. Jin fersinne liket my dus wat dom ta, mar ik doar der neat oer te skriuwen. Pûsjkin is ommers de aldergrutste Russyske dichter ea en neffens tsaar Nikolaas I wie er de tûkste man fan Ruslân. De biograaf fan Pûsjkin seit net folle oer Pûsjkins literêre besonjes. Oant er de biografy fan Pûsjkin skreau wie er detektiveskriuwer; in gaadlike eftergrûn foar ien dy’t net sasear fan it skriuwen ferslach jaan wol as fan in libben fol mei ferbeane hannelingen en selsmytologisearring.… Lês fierder