Minsken binne berne foar it paradys. Sa sjoch ik it. Net foar de hel.
Mar dât is wol de omjouwing dêr’t se har yn rêde moatte. Ik bin net nayf.
Ik siet mei trije jonge minsken oan in taffeltsje yn it Grand Café fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. Wy hiene de útstalling Cezanne-Mondriaan-Picasso besjoen. It wie oan in kop kofje of oars wat ta.
Ik seach nei dy jonge minsken en tocht: se binne berne foar it paradys.
Dat wie in emoasje.
It buorjonkje dat troch de hage ropt: ‘Hee.’ En wat letter: ‘Wat dogge jim?’ It buorjonkje, dat jin trouhertich oansjocht en gjin kwea yn it sin hat en folslein betrouwen yn jin stelt.… Lês fierder