Is der noch in bewyske oan wissichheid oer no’t alle postkantoaren ticht geane, no’t de AOW faai stiet en jo sparsinten nei gychem binne troch de kredytkrisis.
Dêrmei hâldt it net op. Yn de Ljouwerter fan 6 febrewaris stie in berjocht dat noch folle djipper op de Fryske minske ynwurkje sil.
Undersiker [TNO] Henk Kombrink seit yn syn proefskrift dat wy op in tafelberch wenje. Dat is sa’n platte berch, dêr’t de top ôf mist. In tsjokke laach klaai, modder en sân der oerhinne, dêr libje wy boppe-op.
It moatte de oerâlde Friezen west hawwe dy’t sa’n wjeraksel hiene tsjin in berchlânskip, dat se mei har allen, skouders der ûnder, de pieken der ôfslein ha en dy op ’e kop yn it dal pript hawwe.… Lês fierder