Priiswinners skriuwwedstriid JM-Fûns bekend

logo.ensafh

De priiswinners fan de skriuwwedstriid útskreaun troch it Je Maintiendrai Fûns oer it tema regionale identiteit binne justerjûn op in byienkomst yn hotel Tjaarda yn Oranjewâld bekend makke:

Essee: Hein Klompmaker, Onderweg

Ferhaal: Froukje Postma, Tien jaar wachten – Tsien jier wachtsje

Gedicht: Elske Kampen, Altyd de loft

De priis bestie út in cheque fan € 5000,- en it byldsje dat symboal stiet foar de  JM Prijs.

Boppesteande teksten en ek de nominearre teksten (klik foar de list dêrfan hjir) binne útkommen yn it troch de Friese Pers Boekerij / Noordboek útjûne boek Mijn land is groen, mijn land is mooi, dat as ûndertitel hat : regionale identiteit in Noord-Nederland.Lês fierder

Nij útjeften Afûk / Utjouwerij Fryslân

logo.ensafh

Bollman en Bollman, Marga Claus

Fan Marga Claus ferskynden earder de dokumintêre romans Oxzana, De heit fan Serafyn en Lytse Do. Mei Bollman en Bollman weaget se har foar it earst op it paad fan de fiksje. Yn dizze roman fertelt de skriuwster op yntime wize it oangripende ferhaal fan in man mei in grut geheim. As Yasper Bollman yn de syktewet bedarret en alle tiid hat om nei te tinken, spylje âlde fragen op dêr’t er mar gjin antwurd op krijt. Wêrom hat er dy frjemde oanstriid, wêr komt it wei? As er kollega Alide syn geheim tabetrout, is dat de earste stap op in nije wei.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (14)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9) , (10) , (11) , (12) en (13).… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (13)

logo.ensafh
Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9) , (10) , (11) en (12).Lês fierder

Nûmer 3 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It tredde  nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stiet de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foat it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 3 yn print

3 Redaksjoneel

Eric Hoekstra
4 It gat yn ’e midden

5 Lytse oanrekommandaasje

6 Moed ta jesels

7 Grutsk op mysels

Greet Andringa
8 Wat dit lêst is gek

Foppe Venema

13 Foar in omkesizzer

Oene Spoelstra

14 Rêst

Rieuwert Krol
25 Ut it ûnthâld

Jacobus Q.… Lês fierder

It sil heve

logo.ensafh

Letter foar letter haw ik byinoar swile ta wurden. Oeral binne hja bedarre. Op fodsjes, yn in skrift, yn aginda’s. In ballebak fan wurden dêr’t bern yn boartsje kinne at hja skriuwe en lêze leare. Wurden prompele, ta rigels fimele, rigels ta poëzij. Wurden dy’t wakker weromsjogge. Ein fan it jier komt it derfan, myn earste bondel: Wakkerweromsjen.

Mear op it blog fan Matty de Vries.


Lês fierder