Fryske bydragen oan ynspirearjende Shakespeare-bondel

logo.ensafh

De sonnetten fan Shakespeare binne útjûn yn 1609 en besteane dus eksakt 400 jier. 400 jier “Shall I compare thee to a Summer’s Day” en “My Mistresses Eyes are nothing like the Sun”, dat frege neffens de Shakespearekenners Jürgen Gutsch en Manfred Pfister om in feestje. In feestje yn boekfoarm.

Gutsch en Pfister hawwe jierren lang alles garre wat ynspirearre is troch de sonnetten fan Shakespeare: oersettingen, bewurkingen, parodyen – besteand en nij – yn mear as santich talen. Al dy teksten ha se bondele. Dy bondeling ferskynt yn septimber 2009 yn boekfoarm by de Switserske útjouwer Signathur. Under redaksje fan Gutsch en Pfister hat in team fan sa’n santich skriuwers in rige Ingelsktalige skôgingen skreaun oer de rol fan Shakespeare yn har taal- of kultuermienskip.… Lês fierder

De Moanne wurdt fernijd

logo.ensafh

demoanne

It literêre tiidskrift en opinyblêd De Moanne fan de Afûk ferskynt fan septimber ôf yn in nije foarm. It blêd wurdt tenei útjûn troch de Afûk, Tresoar en de Fryske Akademy. De trije ynstellings wolle harren stipers en oare lêzers op in mear moderne wize ynformearje mei it fernijde blêd.

De Moanne moat troch de gearwurking ek mear lêzers krije. De oplage giet nei goed 3000 eksimplaren. It fernijde tiidskrift wurdt full-colour, mar ynhâldlik bliuwt it blêd itselde.

Troch de gearwurking ferdwynt it blêd de Pompeblêden fan de Afûk, mar foarearst bliuwe de periodiken fan Tresoar en de Fryske Akademy wol njonken De Moanne bestean.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (10)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7), (8) en (9)

 

Sytse Jansma – Wa’t tate seit moat ek whisky sizze

Neist R.R.… Lês fierder

Snijboantsjes

logo.ensafh

Nou dat hoort oek bij un blog…eventsjes kwiet wat we eten hewwe…de kleine meid wadde der oek te eten…snijboantsjes…draaid deuren moalentsje…fan mien ouwelui metkregen…je kenne se oek oppe han snije…mar ik hou er fan as se su fien binne…niet fannet geloof dan.

Mear op it blog fan Anne FeddemaLês fierder

Absurde papagaaien

logo.ensafh

No, sjoch ris oan: der stiet in stikje op ensafh oer Hûn oan ‘e himel. It wurdt in bytsje mei de gek beslein, mar dat jout neat. Moat kinne.
Slimmer is dan wer it papagaaikjen fan wat Harmen Wind ea skreaun hat: dat ik in absurdist wêze soe. En dat neffens my it libben gjin inkeld doel hat. Slacht folslein nearne op! Hâld dochs ris op inoar nei te bauwen en lês it boek. Punt. En wat soe it moai wêze wannear’t jo kommintaar jaan koene by ensafh. Mar de ruten en doarren sitte noch altyd pôtticht.

Myn poëzij hat neat mei absurdisme te krijen!… Lês fierder

“Spegelspreuk” van Lida Dykstra op IBBY honourlist 2010

logo.ensafh

spegelspreuk

Op advies van de stichting It Fryske Berneboek wordt het bijzondere boek “Spegelspreuk” van Lida Dykstra voorgedragen voor de IBBY Honourlist 2010. Al eerder, in 2002, stond een boek van Lida Dykstra op de IBBY Honourlist (“Wolken fan wol”). Het is slechts één keer eerder voorgekomen dat IBBY-Nederland een auteur voor de tweede maal voordraagt voor de IBBY Honourlist, en dat was ook een Friese auteur, namelijk Berber van der Geest in 1992 en 1996.

Iedere twee jaar geeft IBBY International de Honourlist uit, een overzicht van kinder- en jeugdboeken van zeer hoge kwaliteit, uitgegeven in de meer dan zeventig bij IBBY aangesloten landen.… Lês fierder

Wa wint de GJ-Priis 2009? (9)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: (1), (2), (3), (4), (5), (6), (7) en (8)

 

Cornelis van der Wal – Hûn oan ’e himel

De lêste dichtbondel fan Cornelis van der Wal (Bornmeer 2007) haw ik earst delladen, doe beharke en hjoed oanskaft.… Lês fierder