De loft wie strakblau. It wie in sinnige middei yn de stêd wurden. Foar my stie in glês wite wyn. In pear dagen hie ik mysels dwaande holden mei skriuwe, skrappe en dan wer skriuwe. Hoe simpel moat it. Kin it. Doe kaam der in keunster del mei in prachtfilmke mei allinne mar beammen as tema. Mei in oare keunster kôge ik in skoft op ien wurd om. Alle goede keunst is simpel tocht ik.
Mear op it blog fan Albertina Soepboer… Lês fierder