Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel en de tiimsjef Middelsee fan de plysje, de hear J. Holwerda, krije de earste eksimplaren fan it Tomke ferkearsboek oanbean; it nije Aksjeboek foar bern foar de Berneboeketiid. Dat sil wêze op tiisdeitemoarn 7 septimber yn Pjutteboartersplak De Oesterkes yn Stiens. It leit foar de hân dat de boargemaster, as haad fan de plysje, it earste eksimplaar kriget. Mar de hear Holwerda, dy’t mei in plysje-auto by it Pjutteboartersplak oankomt en dy’t de bern fan alles fertelle sil oer swaailjochten, sirene’s ensfh., nimt yn septimber ôfskie nimt as tiimsjef. Foar him dêrom it twadde eksimplaar.… Lês fierder