Freed 14 jannewaris hat de sjuery de betinker fan it moaiste nije Fryske wurd bekend. Fjouwer organisaasjes (DGT – oersettsjinst Europeeske Kommisje -, Ried fan de Fryske Beweging, Fryske Akademy en Tresoar) hiene op de dei fan de talen (26 september) it ynisjatyf nommen om ek foar it Frysk mei te dwaan oan de oersetwedstriid lykas dy rûnom yn Europa hâlden waard. Meidoggers moasten in Fryske oersetting fine foar wurden dy’t yn it Nederlânsk noch net sa lang besteane.
Tusken 1 oktober en 1 desimber brochten 85 dielnimmers yn totaal 250 mooglike Fryske oersettingen op it aljemint. De sjuery beoardiele de taalkundige korrektens mar ek de kreativiteit en orizjinaliteit fan de ynstjoeringen.… Lês fierder
