Men wit it net krekt, is it balstjurrigens of mismoed? It hat nijjier west mei lytse besites en tillefoantsjes en dan wurdt it snein, in deade en stille snein en dan bekrûpt it jin. Moat ik no op ’e nij in jier yn mei al dy hampelmannen en kneukelhouwers? Hat de heare god net in better plakje foar my?
En dan spilet jin ynienen in wyske troch de kop en men tinkt hea ja, lit my dat mar dwaan, wat kreatyfs, wat fan it bemasterjen fan de sleauwe wrâld, wat fan in útwei út dizze neargeastigens. Literatuer is ek altyd in flecht, dat skuort net út, mar lit ús hoopje, in flecht nei wat betters.… Lês fierder