Dina, dochter fan Jakob en Leä, bernsbern fan Izaak en Rebekka, treft yn de bibel (Genesis 34) in swier lot.Har heit lei leaver by har muoike Rachel as by har mem Leä; hja moat har like ôfwiisd field hawwe as har mem.Fan de minsken om har hinne telden dan ek noch allinnich de mannen; hja kaam as sânde bern fan Leä op de wrâld, de oare seis wiene allegear soannen. Sân is in hillich getal by de joaden; fansels hie Dina in man wêze moatten, mar neffens de midrash – de rabbynske tradysje fan bibel-útlis – bea har mem Leä, doe’t hja al swier wie, om in famke want har suster Rachel hie noch gjin soan berne en hja woe har suster net dy kâns ûntnimme.Sa… Lês fierder