Oan alle kanten wurdt de Fryske taal, wat de ‘kwaliteit’ oangiet, bedrige. Goed, útstjerre sil hja foarearst noch net, mar it soarte Frysk dat no trochjûn wurdt, is yn wurdskat én yn syntaksis neffens my oanwiisber mear ‘Hollânsk’ as dat fan in ginneraasje earder. En dát wie dat wer minder as dat foar har. Dit is gjin gewoane ‘taalferoaring’, lykas guon úthâlde. Dit is in linkendewei fierdergeande ‘ferdialekting’ fan it Frysk.
Lês fierder by André Looijenga… Lês fierder