Frysk yn de LC

logo.ensafh

De sneonskrante fan de LC. Altyd in moai begjin fan de dei. Mar foar minsken dy’t hjir en dêr ek in artikel yn it Frysk ferwachtsje, in grutte teloarstelling.
Twa kear bin ik der trochhinne west, en de opbringst is gewoan bedroevend. It oantal artikels dy’t folslein yn it Frysk skreaun binne: nul. Niks. Nada. Noppes.

Stiet der dan gjin Frysk yn de LC fan hjoed? Jawol. De krante bestie hjoed út 46 siden. 27 siden sneon en snein derop ta, en dan noch 30 siden oerstallich wennijs.

Lês fierder by Ferdinand de JongLês fierder

Brânbrief provinsjale literêre prizen

logo.ensafh

Underwerp: in brânbrief oer de provinsjale literêre prizen

Achte Provinsje,

Al earder hat It Skriuwersboun, dé belangebehertiger fan skriuwend Fryslân, in advys útbrocht oer it te folgjen belied op it mêd fan literêre prizen. Om’t hjir fierder neat mei dien is en der noch altyd in soad misbeteart skriuwe wy dit brânbrief. Want It Boun stelt op ’e nij fêst dat de útrikking fan literêre prizen sa stadichoan mear farce as feest driget te wurden. En dat wylst de Provinsje te pas en te ûnpas te witten docht dat de Fryske taal de kearn fan de Fryske kulturele identiteit is, foarsafier’t dy teminsten bestiet.… Lês fierder

Sympoasium Erasmus en de Friezen

logo.ensafh

De Fryske Akademy organisearret yn ’e mande mei it Huygens-ING en Tresoar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’. Dit sympoasium wurdt holden op woansdei 30 novimber fan 10.00 oant 17.00 oere yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert.

Soad gelearden
De humanist Erasmus hat yn syn brieven net allinne de molke- en turfopbringste fan Fryslân priizge, mar ek de geleardheid fan de Friezen. Yn in brief (1499) oan de út Boalsert ôfkomstige Johannes Sixtinus ferlike de Rotterdamske humanist Fryslân mei in fruchtbere mem dy’t in soad gelearden berne hat. Erasmus en de Friezen hawwe likernôch sechtich brieven útwiksele dy’t de basis foarmje foar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’.… Lês fierder

Ôfsluting Keppelfeest

logo.ensafh

Slotfeest “net kneppelje mar keppelje”op 19 novimber yn Boalsert.

Jûnsprogramma om 19.45 yn de Broeretsjerke:

In bûnt en fleurich programma fol ferassingen ûnder lieding fan Gryt van Duinen mei : Albert Bonnema , Rients Gratama , fanfare Oranje ûnder lieding fan Andries Kramer, Miss Friesland 2011, Hardslag , Jan Arends , Marijke Geertsma , Andrew Wise , Herman Peenstra, It kwartettekoar , Hindrik van der Meer, Anitra Jellema, Nienke de With , Romke Gabe Draaier, Wout Zijlstra, studinten fan “de Friese Poort en Gooitsen Eenling .
Dêr komt in iepen diskusje oer de takomst fan it Frysk: “wat seit in taal” mei Gryt van Duinen, Dr.… Lês fierder