Dizze wike wie de presintaasje fan de nije CD fan Grytsje Kingma. Ien fan de ferskes giet oer Eelkje, de frou dy’t de haadrol spilet yn de roman “Smearlappen” fan Anne Wadman. Dat boek joech in protte opskuor yn de jieren sechstich. It ferhaal giet oer in jonge frou dy’t troch tadwaan fan ferkearde manlju (smearlappen) ûngelokkich wurdt. Grytsje Kingma hat dizze ballade spesjaal skreaun foar de Fryske lêsbefoarderingskampanje Fryslân Lêst yn Toppers, dy’t ferline jier holden waard.
Op de CD “Wytfear” steane 14 ferskes oer allerhande ferskillende deistige ûnderwerpen. Tagelyk mei de CD, presintearre Grytsje Kingma har nije tekstbondel “Tûzen dagen”.… Lês fierder
