In Frysk liet skriuwe

logo.ensafh

In liet skriuwe

Mei galmje is moai, mar sels in ferske skriuwe is noch folle boeiender.
Seis oefeningen helpe dy op wei nei in plak by Liet!

Diel 1: Sjong mei

In goed liet is in liet dat har nei ien kear lústerjen al meineurje lit en nei twa kear meisjonge lit. Dat wol noch net sizze dat in ferske har ek yn ien kear skriuwe lit. Dat bart wolris, mar faker noch is in liet skriuwe in kwestje fan slypje en trochkrasse.

It wichtichste is dat der stean moat wat der stiet, sei Bram Vermeulen oait yn in ynterview. ‘Asto it minusjeus lêst, moat alles mei-inoar strike.… Lês fierder

Griene simmer en De útwedstriid

logo.ensafh

No, wat giet it der om wei. Moardspullen op Facebook, fergees in boek delhelje. Machtich moai, allinnich jammer dat it moardspul net yn it Frysk of twatalich is. Soks hie de skriuwer bêst kinnen, en as ik him wat ynskat, hie er it ek wol wollen. Der sil oer fergadere wêze, nim ik oan. Dus net fierder oer eamelje, as it wat oanslacht soe it in idee foar oar jier wêze kinne, dan drage de Fryske bybs ek harren stientsje by oan bredere taalbefoardering.

Lês fierder by Ferdianand de JongLês fierder

Aksje behâld stúdzje Frysk

logo.ensafh

Nettsjinsteande de ôfspraken te’n behâld fan de stúdzje Frysk yn Nederlân wurdt dizze stúdzje oan de Ryksuniversiteit Grins hieltyd mear rjochting de ôfgrûn treaun. De Fryske studinteferiening yn Grins, Bernlef, en de stúdzjeferiening Frysk, Skanomodu, bondelje no harren krêften om in dúdlik sinjaal ôf te jaan nei de RUG dat dit fansels net kin. Dêrom wurdt der takom freed om 14:30 foar it Akademygebou in manifestaasje holden by de Fryske flagge. Dit alles bart yn ‘e foarm fan in rouseremoanje foar de terminale sitewaasje dêryn’t de stúdzje him no befynt. Kom allegear!

Eftergrûnynfo:
It grutste part fan ‘e minsken dy’t Frysk studearje dogge it as twadde stúdzje en dat wurdt no te djoer om’t it no wól wat kostet.… Lês fierder

Fergees Frysk E-book

logo.ensafh

Boekefans kinne tusken 4 en 14 juny fergees in Frysk E-book downloade. It giet om it boek ‘Griene Simmer’ fan de Fryske skriuwer Bart Kingma. Utjouwer Elikser en de Fryske Bibleteken hawwe in Facebook-applikaasje ûntwikkele wêrmei’t it boek sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk download wurde kin.

De aksje is ûnderdiel fan ‘Moardspul 2012’, dat organisearre wurdt yn it ramt fan de moanne fan it spannende boek. De bibleteken hoopje mei de aksje mear minsken foar it lêzen te ynteressearjen.

Boarne: It NijsLês fierder

De NachtRider fierder as site oer boeken

logo.ensafh

Dames en hearen lêzers, brekkend nijs. De NachtRider, Frysk altydblêd foar oeralkultuer, giet fierder as Frysk altydblêd oer boeken. Sa’n site is der noch net, sa’n FB-side ek net.

Dizze site sil benammen tsjinje as ûndersteuning foar de FaceBookside dêr’t elkenien dy’t wat oer in Frysk boek (oarstalige boeken mei fansels ek) te melden hat, him melde kin. Mei in stikje, in opmerking, in ynsjoch, in foto, in fraach. Op dit blog wat melde mei fansels ek. Sjoch mar. Utjouwers en boekferkeapers wurde ek útnoege om mei te dwaan oan de NachtRider.

De NachtRider is dus fan no ôf oan in pleisterplak foar boekegekken.… Lês fierder