Yn desimber is der altyd in soad te genietsjen. Yn ’e winkels lizze spullen dy’t de rest fan it jier net oanbean en net brûkt wurde. Yn elk hûs brâne de ljochtsjes yn ’e beam en lâns de finsters. Hiele beammen wurde fan ljocht foarsjoen. En nim dy prachtige stâltsjes fan Bethlehem, fan hiel lyts ta libbensgrut, mei echte bisten.
En dan haw ik sinterklaas noch oerslein. Dy docht der sines ta. Sa’n weelderich burd hat gjin moslim, s’an mantel en stôk hat gjin roomske prelaat. En âld en nij komme noch.
Mar tink ik, wat soe Adolf Loos [1817-1933]- ik hie krekt in boek fan him lêzen Wie man eine Wohnung einrichten soll – ± 1898 ] – dêr fan fine?… Lês fierder