It hat kritika Elsbeth Etty west dy’t sei: ‘Op faceboek en Twitter kan de literaire wereld er soms uitzien als een zichzelf constant feliciterende massa.’ Wat my oanbelanget hearre de kritiken op it mêd fan proaza en poëzy yn de measte deiblêden ek by dy lokwinskjende wrâld. Yn De Groene Amsterdammer is Kees ’t Hart noch âlderwetsk kritysk sa’t it eins heart. Hy hat dan ek in gedegen literêre oplieding hân, is sels skriuwer en syn styl fan skriuwen noeget út. Nei de bek prate hat er nea dien. Skriuwer en lêzer ha wat oan syn kritiken.
Wiene Anne Wadman yn it ferline, en letter ús generaasje fan de sechtiger en santiger jierren soms tige kritysk, no is de strikt literêre krityk dêr’t literêre arguminten in rol spylje oangeande tema’s, metafoaren, styl, foarm en problematyk yn in roman faak fier te sykjen.… Lês fierder