Doe’t prof. dr. Philippus H. Breuker yn 2001 ôfskie naam fan de universiteit yn Leiden, dêr’t er bysûnder heechlearaar Fryske taal-en letterkunde wie, wie ien fan de sprekkers op it seminar Michael Zeeman.
Zeeman lies in Frysk gedicht foar dat him nei oan it hert lei. It wie fan Douwe Tamminga nei in fers fan Preker. Neffens Zeeman wie it ien fan dy útsûnderingen dêr’t de nije ferzje moaier is as it orizjineel. Letter fertelde er my dat it in kear yn ’e krante stien hie, fierder wie it nea ferskynd.
It koarte libben
Nei Preker 12
Tink oan dyn Skepper yn dyn jonge dagen,
dy tiid, oerbrûzjende fan fleur en smjocht,
eardat de jierren komme, dreech te dragen,
dêrsto fan seiste: my fergiet de nocht.… Lês fierder