Daam de Vries

Kutbinde, dy beropsfriezen

logo.ensafh

Sawat hiel bestjoerlik en amtlik Nederlân is gear oer de kwestje Haren. De fraach is hoe’t ien en oar sa healwiis beteare koe. Myn buorjonge – ien út in modelhúshâlding – hat der ek hinne west. ‘Even de ramptoerist spelen,’ twittere er.

Fan ferskate kanten wurdt mei klam wiisd op de rol fan de sosjale media. Dy hiene wy hjir oars fjirtich jier lyn al. Kaam de knokploech fan Bitgum de Ingelumer kant út. Soks wie – freegje my net hoe’t er it hie – bekend by plysje De Jong. En dêr hiene wy as jonkjes fan in jier as tsien-tolve in soad respekt foar.… Lês fierder

Daam de Vries

Bjusterbaarlik volk

logo.ensafh

‘It bestjoer wol op ôfstân bestjoere.’ /// Dat is in net te kontrolearjen útspraak mei’t notulisten absolute swijplicht hawwe.

‘Yn de fakatuere fan foarsitter wolle wy net elkenien hawwe. Wy sykje immen mei in fisy.’ /// Hokker fisy is net nei te gean.

‘It bestjoer hat fêststeld dat de direkteur yntern en ekstern bûtengewoan goed funksjonearret.’ /// Hy wie ek op de begraffenis fan syn folle oantroude nicht fan de kâlde kant. Dy waarmte die it bestjoer goed. /// ‘Dat de direkteur dêr as haadferantwurdlike foar de Fryske literatuer wie.’

‘It bestjoer is fan betinken dat de funksje fan direkteur de lêste jierren swierder wurden is.… Lês fierder

Daam de Vries

Koen Kampioen

logo.ensafh

Wa’t sa’n titel betocht hat mei om my fuortendaliks de heechst beskikbere literêre priis wol ha. It alliterearret oan alle einen en kanten. Literêrder kinne jo it hast net krije.

Ik kaam by Koen Kampioen telâne nei oanlieding fan in tweet fan buorfrou. Har âldste woe nei Koen Kampioen sjen, dat sa. Ha’k earst mar ris op Koen Kampioen googele. Blykt in nochal ferneamd figuerke te wêzen mei in hiele merchandise-line en benammen boeken.

Koen fuotballet. Dat is wat my oanbelanget gjin goed teken. Fuotbal is de meast ûnnoazele en maatskippij-ûntregeljende sport dy’t jo betinke kinne. Unnoazel om’t se mei it spultsje begjinne as de natuer sawat oan sniejachten en oar ûngeriif ta is en ûntregeljend om’t lju jo begjinne út te segenjen as jo har ûnder in wedstriid belje om in wat kultureelder barren te regeljen.… Lês fierder

Daam de Vries

Friezen fan profesje

logo.ensafh

Fryslân, it bêste lân fan d’ierde. Mei rjocht en reden neame wy dat sa, want wat der yn it bûtenlân allegear wol net bard is net bêst.

Nim no sa’n Berlusconi. In man mei in wat diktatoariale ynslach en in ympearium dêr’t jo it benaud fan krije. Of ien as Strauss-Kahn dy’t net foar ien gat te fangen is. Dat binne de bekendere foarbylden. Is it frjemd dat ynwenners fan sokke lannen it gedrach fan harren ljochtsjende foarbylden begjinne te kopiearjen? By it korrupte om’t ôf?

Immen gerive om wat klear te krijen en yn de posysje wêze dêrfoar immen oars dy’t troch in bloedbân oan de te geriven persoan ferbûn is in baan taskikke.… Lês fierder