Willem Winters

Frits Klein

logo.ensafh

Frits Klein, reklametekener fan It Hearrenfean, is ien fan dy histoaryske dupearren fan de [foar]oardielen dy’t er wiene en noch binne oer de keunstner en syn mooglikheden om wat jild te meitsjen. Faak binne it de âlden dy’t neat sjogge yn de keunsten. Skilders en byldhouwers binne fier yn it neidiel by dichters en skriuwers, hja moatte in soad romte hawwe en farve en in ezel, hja kinne neat stikum dwaan. Fan in dichter geane nea sokke ferhalen, in kladblok en in potlead, de dichter kin oan ’t wurk, gjin bemuoisuchtige âlden. Faaks kin in oplieding yn de reklame noch krekt wol troch de bûgel.… Lês fierder

Willem Winters

Hûnen en hynders

logo.ensafh

Wy wiene mei de Pinkster op de kemping yn Lettelbert. Hearlik rêstich, allinne wy en noch in kerreven. Yn De Like wie in eksposysje fan Otto Eerelman. Ik koe syn wurk fan plaatsjes yn boeken en in inkeld skilderij yn in museum en no yn ’t echt! Hûnen en hynders! Mar och hear, der foelen nochal wat skilderijen ôf. Foar my wiene der trije kategoryen; ien: hûnen en katten, twa: portretten, trije: hynders – yn dizze folchoarder. De hûnen en katten, mar fral de hûnen, hat er prachtich typearre, benammen harren gedrach.

Dat is yn de portretten al minder it gefal.… Lês fierder

Willem Winters

Satie +

logo.ensafh

Eltse reklamelul hat him alris ûntdutsen: Erik Satie.
-Jonge, do witst net watst hearst. Kinst oeral by brûke.
-Ja, ja, dat witte wy al jierren.
It is as mei Van Gogh op de koekjetromp: tefolle, tefolle!

At jo jo dan as serieuze musisy presentearje wolle mei in programma mei allinne mar Satie, dan moat dat wol wat tige aparts wêze. En dat wie it wat Vocaal Drieluik [Wendeline van Houten, sopraan; Steven van Gils, tenor; Rixt van der Kooij, piano.] sneintemiddei 15 maart brocht.

Yn Nederlân is Satie ferpest troch de sêfte oanpak fan Reinbert de Leeuw. Gelokkich doarde Vocaal Drieluik der yn te batsen, sa at je fan Satie sels ferwachtsje soene.… Lês fierder

Willem Winters

Kwetsber

logo.ensafh

Mear as 1,3 kilo weacht it en it telt 288 siden. In prachtboek mei prachtige foto’s, in boek vol kleur, in boek vol nostalgy, al dy moaie minsken mei harren kleurrike kultuer; in prachtboek fan Oxfam Novib, fergees foar de leden.

It giet om it boek Kwetsbare talen, wat gaat er verloren als een taal niet meer klinkt?. It antwurd stiet yn de ynlieding: ‘Gemeenschappen hebben hun taal nodig om essentiële informatie van generatie op generatie door te kunnen geven, van sociale gedragsnormen en godsdienstige overtuigingen tot kennis over hun natuurlijke omgeving. Wanneer een taal uitsterft, gaat deze kennis verloren.’… Lês fierder

Willem Winters

Funksjonalisme of by Dokkum om

logo.ensafh

Ik ha nea in grut foarstanner/leafhawwer fan funksjonalisme west. Mar ek gjin 100% tsjinstanner. Wêrom soe men ek. Ekstremisten binne der dochs al sa’n soad yn ’e wrâld. Dus nim ik fakentiids in stânpunt yn, sadat ik net by de earste wurdwiksel yn ’e knipe kom.
Funksjonalisme yn ’e arsjitektuer kin best moai wêze, sa as dy wolkekliuwer fan Mies van der Rohe. It is by ekstreem funksjonalisme better út te hâlden as by oerdiedige fersiering, dat rûkt al gau nei kitsch. No ja, wat is der eins op kitsch tsjin?

Sydpaadsje: men soe ferwachtsje dat men yn in tv-programma as ‘tusken keunst en kitsch’ dúdlike grinzen lûke soe, mar dat is net it gefal.… Lês fierder

Willem Winters

Oarloch

logo.ensafh

Iepen brief oan de hear Speerstra,

It is moai dat jo alwer in pakkend boek skreaun hawwe oer minsken dy’t in bak ellinde oer harren hinne krigen. Oft it no giet oer emigranten, Nederlânske soldaten yn Ynje, jo litte op oangripende wize sjen fan hokker gefolgen sokke saken binne. Faak binne sokke minsken – oft se no yn Austraalje harren plakje net fine koenen of fjochtsje moasten yn Bosnië – swier skansearre, foar jierren, as it net foar harren fierdere libben is.

Jo ûnderwerpen lizze noch ticht tsjin ús wrâld oan. Mei in bytsje empaty kinne wy wol in aardich begryp fan harren mankeminten en problemen krije.… Lês fierder

Willem Winters

De katedraal fan Justo

logo.ensafh

Us leave frou fan ’e Pilar, sa neamde de mûnts Justo Galego syn katedraal dy’t er yn Mejorada del Campo oan it bouwen is. Rik Zaal neamt it ien fan ’e raarste bousels fan Spanje. Justo is der al yn 1936 oan begûn. Oeral sleepte er boumateriaal fuort. Gjin oare katedraal kin him mjitte mei dizze.

DSC_0244

Spanje ken fansels mear eigenaardige bouwurken. Tink oan de oeral oanwêzige arena’s. Of it Escorial fan Filips II (200 meter x 160 meter mei 2600 finsters, 1200 doarren, 68 treppens, 88 fonteinen, 16 binnenpleatsen, 15 kleastergongen en 9 tuorren. Dit alles ta foldwaning fan Peter Karstkarel.… Lês fierder