Aginda 27-06-2024: Fryske Poëzij Slam

logo.ensafh

It is wer safier: leafhawwers fan poëzy yn Fryslân kinne har klearmeitsje foar in nije edysje fan de Fryske Poezij Slam. Dichters út de regio wurde útnûge om harren bêste wurk foar te dragen en mei te dwaan om de titel fan bêste slammer fan Fryslân te winnen. De ynskriuwingen binne iepen foar elkenien dy’t syn of har dichtkeunst hearre en sjen litte wol.

Dit jier is de slam yn Kafee de Gouden Leeuw, yn Tresoar yn Ljouwert, op 27 juny. Der is plak foar 10 dichters, en de ynskriuwing bliuwt iepen oant 20 juny.

De Fryske Poezij Slam stiet bekend om syn unike sfear, dêr’t sawol ynhâld as foardracht fan de gedichten sintraal by steane.… Lês fierder

Aginda 25-04-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

Aginda 23-04-2024: RIXT Literêr Sirkwy – Wrâldboekedei en San Jordi

logo.ensafh

RIXT Literêr Sirkwy – Wrâldboekedei en San Jordi

Tiisdeitejûn 23 april, op Wrâldboekedei, organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar yn kafee De Gouden Leeuw.

Dielnimmers oan de RIXT-kursus ‘Poëzy Skriuwe’ fan ôfrûne winter drage foar út wurk dat sy by de kursus skreaun hawwe. Nei it skoft is der Katalaanske poëzy yn it Frysk. Ignasi Ripoll en Syds Wiersma drage fersen fan ferskate Katalaanske dichters foar, dy’t sy it ôfrûne jier yn it Frysk oerset hawwe.

Op 23 april is it UNESCO Wrâldboekedei. Sûnt 1995 is der dy dei yn in soad lannen bysûndere oandacht foar it belang fan lêzen en boeken.… Lês fierder