Bai Juyi, Piter Boersma

op ’e boat de gedichten fan Yuan Zhen lêzend

logo.ensafh

jo gedichten hie ik lêzen by lampeljocht
de oalje wie op foar’t it om ’e dage socht
mei stekkende eagen siet ik yn it tsjuster
de weagen beharkjend alhielendal bjuster

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Bai Juyi libbe fan 772-846)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Bay Juyi (Po Chü-i), Piter Boersma

ynspiraasje

logo.ensafh

sûnt ik de swiere wei fan de leechte gean
ferdreau ik alle soargen út myn bestean
de duvel fan de dichtkeunst koe ik net oer
moanne en wyn blaze noch altyd yn ’t fjoer

Oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Bay Juyi libbe fan 772 oant 846)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder