Piter Boersma

It iepen fjild 

logo.ensafh

 

 

 

Dit gedicht stiet yn de gedichtebondel In wjukslach tsjin ’e blauwe loft fan Piter Boersma. Dizze bondel komt yn septimber/oktober út by útjouwer Hispel.

 

It iepen fjild 

ienentweintich juny de langste dei
nei it iepen fjild ta by waverveen
foar tsienen foar de sinneûndergong
nei in dei mei wol sok skoan simmerwaar
lykwols de sinne net te sjen ferdwûn
achter in baan oranje wolkespul
it hindere my net noch safolle
jûnstilte in donkere reidseame
út ’e greide kaam it tsjuster al op
troch de sfear trille ik op ’e skonken
hie ik it simmerlân yn ’e noasters
wylst ik gewoanwei werklik neat mear rûk
ik fielde my ynienen sûn en jong
net alle dagen stie ik derby stil
it iepen fjild dat my it libben bringt… Lês fierder

Piter Boersma

Twa kaën

logo.ensafh

 

 

 

Dit gedicht stiet yn de gedichtebondel In wjukslach tsjin ’e blauwe loft fan Piter Boersma. Dizze bondel komt yn septimber/oktober út by útjouwer Hispel.

TWA KAËN

twa kaën tripkje
troch de keale foartún
pikke yn ’e grûn

se tripkje pikke
twa kaën yn ’e foartún
al tulpeblêden

tripkje en pikke
de grize achterhollen
tsjin de swarte grûn

twa kaën pikkend
de grize achterhollen
dan wer tripkjend

in spantsje kaën
even yn it foartúntsje
fleane alwer op… Lês fierder

Piter Boersma

iisfideo

logo.ensafh

 

 

myn dochter appt my krekt in fideo troch
se is te riden op ’e iisbaan fan doorn
fan ’e kant ôf krij ik it winterbyld te sjen
ridende minsken oaren dy’t opbine
de kamera liedt my de hiele baan oer
moai swart iis bewyskes snie oan ’e rânen
sinneskyn beammen keal tsjin in blauwe loft
tritich sekonden lang prachtige bylden
dy’t my djip reitsje dy’t ik koesterje sil
de iennichste dei eins datst op redens kinst
ik bin út ’e skroeven al ryd ik net mear
hjir yn loenen leit amperoan in flueske
by sterk iis soene wy oerallich wêze
yn de auto op ’e plassen ta sette
om nei de riders de iiswille te sjen
fûl yn sûkelarjemolke te blazen
de âlderwetske winters fan foarhinne
oan ien wei ride mei de oare doarpsbern
ride op it bûtlân it wartensterwiid
ûnder de hege brêge troch de rochsleat
del op ’e krúswetters oer skerpe skossen
oer barten yn it soal fan ’e greft hinne
de lokjende âlde feanen temjitte
dy pettewrâld mei oeral spegelglêd iis
en no tink ik op de ynlikste wize
ek oan avercamp syn winterlânskippen
syn santjinde-iuwske reedrydtafrielen
dy sa yntime wrâld ferlies ik my yn… Lês fierder

Piter Boersma

ivich betinken

logo.ensafh

 

 

 

as ik in grut hûs in filla in bûtenpleats
in kastiel in paleis sjoch of myn eigen hûs
in rjocht en sljocht hoekhûs fjouwer ûnder ien kap
tink ik altyd wêrom moat in mins grut wenje
wêrom sa’n soad romte as eigen ynnimme
net dat ik net genietsje fan dy bouwurken
en fan al it komfort dêr’t ik sels oer beskik
mar wat by myn wêzen heart is in lyts tintsje
yn myn hûs libje ik noflik en ûngemaklik
oan ien wei pleage troch dat dûbele gefoel
dêrom sloegen de folgjende rigels fan butcho
de japanske berchklûzener sa by my yn
sels in hut fan mar oardel fjouwerkante meter
bou ik tsjin ’t sin as it no ris net reine soe… Lês fierder

Piter Boersma

yn ’e achtertún

logo.ensafh

 

 

 

de achtertún is hielendal ynsletten
troch trije stiennen hokken fan ’e buorlju
troch ús eigen stiennen hok en garaazje
en by einsluten troch twa houten sketten
lokkigernôch allegear platte dakken
it himelferwulft spant der breedút boppe
de helte fan ’e grûn is betegele
in stiennige wrâld is it hjir achterhûs
mar fjouwer blomperkjes en in strypke gers
twa rjochtoppe japanske kersen yn bloei
wielderich en ryk fan ’t jier as nea earder
protsjend wytrôze jonggrien blêd dertusken
yn it kleare ljocht twa langstâlige pearse tulpen
en noch fjouwer rôze mei franjerânen
tsjin ’e noardmuorre folút in peaskeblom
út ’e rozet wei op wol njoggen stâlen
skerms mei likernôch tweintich giele blomkes
mar ik kin my min oerjaan oan ’e sinne
yn myn holle in wrâld wreed en yn ûnstjoer
tsjin it sket lykwols yn it ivige skaad
maitiidssinneblommen en blauwe drúfkes
út alle macht ek oan myn eagen lûke

PB… Lês fierder