Ruurdtsje de Haan

Wachtsje

logo.ensafh

Skaad tekenet it antlit
lofts it ljocht, rjochts it donker,
in teare krol foar ’t ear.

Hoe hoeden sit hja oan de tafel
mei ûnder it blêd de hannen gear.
Wachtsjend, mei de holle skean.

In ranke swiere frou,
mei ûnwisse dwelm-eagen
en in lange swannehals.

Oft er komt is net fan belang.
Allinne dat knipen fan de fingers
en dat ljocht en donker op ’t wang.

 

 … Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

de bline gisel

logo.ensafh

Ik set de tabakspot yn it finsterbank.
De piip giet yn de jiskebak.
Oer it balkon fan de buorlju
sjocht buorfrou lekjend nei
myn liddige lea. Sy giet deryn,
docht de blinen del, wurdt blyn.
Ik spalkje de eagen op, sjoch boeken stean.
Sil ik der ien op iepenslaan?

Nee.

Dan moat ik ûnder eagen sjen
dat de wrâld grutter is
en iepenstiet foar my.
Soe buorfrou wolle?
Ik skodzje myn kaarten.

M.C. Escher: Stilleven en straat… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

De grantige djipte

logo.ensafh

It aard is it ferskil tusken wurden,
aldergeloks prate fleanende fisken net.
Sy sjogge nei de wrâld en misse in moat
yn de skiif fan harren eagen, draaist se
in kwartslach en de slach mist in hert.

Harren likense ôfstân hjit ‘moai’ of
‘mâl’( wat in âldfrinzige begripen!)
en brekt de oere fan hjoed soer op.
Wurden skolperje as morele katers
of driuwe mei slûpende wille troch it ear.
Soms dogge se je eagen sear. Gearkrongen
gûnzje se mâl, se laitsje je út,
mei om de mûle in grantige trek
dy’t mear en mear op kleare grime liket.

Yn de spegel sjoch ik in frou
mei ûngelikense eachbrauwen.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Pomnet

logo.ensafh

pomnet-ruurdtsje-de-haan

(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh site it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.

De redaksje noege besikers fan ’e site út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.

Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.

Andries Miedema hat him al ynspirearje litten ta in sonnet, mar folge it skema, ek it rymskema, fan Van der Sloot net, dat die likemin de fjirde ynstjoerder Ferdinand de Jong en dy naam ek frijheid wat it tal wurdlidden yn ’e rigels oanbelanget.Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Sombyïsme

logo.ensafh

Us stêd is in stiennen stêd
houd út in rotsberch
yn linen fan fjouwerkanten
en trijehoeken wyt en swart.
Troch úze poarten streame
geiten en beammen en hagedissen
nei har eigen stêd, de sâlte rots.
Ien en al hurde somby
boud sûnder erch of moarch.

Skreaun by ‘Dubbele planetoïde’ fan M.C. Escher

dubbeleplanetoideLês fierder