Yva Hokwerda

AzulOscuroCasiNegro

logo.ensafh

Ast de film werom lêzen hast
en syn brekpunten seachst
yn dagen fan brânpunt sykjen,

lit punten dêrst troch it oer dyn lippen lizze moatst

Take two:

Ast de film werom lêzen hast
en dyn brekpunten seachst
yn dagen fan brânpunt sykjen,

lis punten dêrst troch it ta dyn lippen litte moast

Cut!

Hé, Jiskepûsterke mei dyn kunde oan meardere scenario’s,
do witst fan ’t wiete skuldjaan lykas fan ’t seine-reinend
fûnkeljen yn ’t ferjiskjen fan toar wrakhout
Doarst?
te bouwen op freonskip fan mûzen,
te dûnsjen oan’t de klok tolve slacht
en skat ’littend foar de prins út te flechtsjen,
bleatfoets de neinacht yn

Cut!Lês fierder

Yva Hokwerda

‘lit my in beam skriuwe’

logo.ensafh

lit my in beam skriuwe
myn hier fêstsette
yn syn woartels fan herthout

skonken teare om syn stam
tosken sette yn read blêd
lippen lizze om syn gnodze

ûnder bastglêdens
noch sapstreamen eanje,
om te priuwen in tûke easkje

en brekke

of

skaaf my de foarholle
ta ronfelhûd tsjin’e stúkwurkmuorren
yn ús keamer fan witten

wat net wêze kin:
ik

streakje myn sêfte hannen
oer de rûchte yn leske kalk
ta wreed fel

lit it hurdzje
yn yl
transplantearje dit

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Yva Hokwerda

Kriich fan nije wurden

logo.ensafh

(nimmen wit hoe hurd in famke sekjerinne koe yn 1965)

Krekt op skoalle en wat juffrou Sylstra sei
wie noch alle dagen nij en nuver. En stjerrende wier fansels
yn nije wurden. Juf fertelde fan in feest omdat it oarloch wie
en datst wask fan 20 jier ophingje mochst. Net om te droegjen,
mar om it hurdst. Soks hjitte kriich.
– Om te wierjen, sei it famke mei de finger heech.
Dat wurd koe juffer net.

Heit fytste har nei it lange, griene fjild oan ’e Ysbrechtumerdyk
dêr’t de nije huzen noch net stiene. Oare kant it
winkelbellepaad fan bakker Abma, doar nei
swietrook fan fanyljestaven.… Lês fierder

Yva Hokwerda

Leafbeammen Skylge

logo.ensafh

1.

Wyn fan west nei east wisket en it strân jaget dy ien kant op.
Werom kinst inkeld yn ’e lijte dêr’t it dúnet,
mar oaren bin’ dy dêr opmurksum.
In tûke slacht dyn each op blyn begeanber paad
en dit eilân ûntfytmannet dy de wittenskip fan de twadde beam,
mei triennen. Wriuwt de sliep fan foar- en neiferjitten út.

Fan kommende omfal, en wat it dy koste om fan in jonge wylch
dyn twigen te ferflechtsjen ta it skerm njonken de woartels
fan ’e iik. Waans skaad te swier wurdt.

Betinkst dat de wize frou trije leafbeammen neamde.
 

2.… Lês fierder