Meng Jiao, Piter Boersma

fielings

logo.ensafh

myn hert keart him ôf fan de grûnige streamen
kleare weagen wekke yn my willedreamen
dat ik dochs de man út ’e see noch treffe soe
en him de moanne út ’e oester freegje koe
salang’t der kâns is op wille en beminne
salang sil dat hert fan my net rêste kinne

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it Sineeske orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L. Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Meng Jiao libbe fan 751 oant 814.)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder