Cen Shen, Piter Boersma

yn ’e woastyn

logo.ensafh

fjouwerjend nei it westen ta wol ik de himel berikke
sûnt ik ûnderweis bin seach ik de moanneomgong al twa kear
oer wat sliepstee freegje ik my ôf kin ik fannacht beskikke
tsientûzen kilometer sânsteppe gjin spoar fan minsken mear

oersetting/bewurking: Piter Boersma

(De oersetting/bewurking berêst net op it sinese orizjineel, mar is makke op basis fan de frije oersetting fan W.L Idema dy’t stiet yn syn standertwurk Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Cen Shen libbe fan 714-770).

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder